Ferskil tusken ferzjes fan "De Dream fan it Krús"

Gjin feroaring yn grutte ,  2 jier lyn
L
It wurdt wol mei in s skreaun: "fisioen". Dat fyn ik nuver; je sprekke it neffens my út mei in z, mar goed, wa't baas is sil it blykber witte.
(Werom sette fan ferzje 978477 fan Special:Contributions/Devries54 (Meidogger_oerlis:Devries54) werom nei "fisioen", de bekende foarm, dy't op Taalweb noch gewoan werjûn stiet.)
Lebel: Weromsetting
L (It wurdt wol mei in s skreaun: "fisioen". Dat fyn ik nuver; je sprekke it neffens my út mei in z, mar goed, wa't baas is sil it blykber witte.)
 
 
==Ynhâld==
Yn ''De Dream fan it Krús'' hat de ferteller in dream (of mooglik in fizioenfisioen) fan it krús dêr't Jezus op krusige is. Yn it foarste diel (r. 1-27) sjocht er hoe't it krús mei ealstiennen ynlein is en hoe min oft er sels is yn ferliking mei it glorieuze krús. Stadichoan wurdt er him der lykwols fan bewust dat it middenmank de ealstiennen besmodzge is mei bloedplakken.
 
Yn it twadde part (r. 28-121) sprekt it krús de ferteller ta en dielt it mei him it ferhaal fan 'e krusiging fan Jezus. It tsjûgenis wurdt ferteld fanút it perspektyf fan it krús sels en begjint as de beam omkappe en fuortdroegen wurdt om ta balken seage te wurden. Al rillegau ûntdekt it krús dat hy net foarbestimd is om in misdiediger te dragen, mar ynstee de Soan fan God. Kristus en it krús wurde ien en hâlde tegearre stân. Se nimme ûndraachlike pine op har om 'e minskheid te ferlossen fan syn sûnden. It is ommers net inkeld Jezus, mar ek it krús dat mei spikers trochboarre wurdt.
Dêrby wurdt it krús foarsteld as in tsjinstfeint of fazal dy't syn hear sels yn 'e tsjusterste oere trou bliuwt en tegearre mei him bespot en tramtearre wurdt. Neitiid stiet it krús, krektlyk as Jezus, wer op, en wurdt it fersierd mei goud en sulver en ealstiennen. It wurdt fereare boppe alle oare beammen, krekt sa't Jezus fereare wurdt boppe alle minsken. It krús beëiniget syn tsjûgenis mei de ferteller op te dragen om it ferhaal fierder te fertellen.
 
Yn it trêde part fan it gedicht (r. 122-156) beprakkesearret de skriuwer syn dream of fizioenfisioen. Hy tanket God foar wat er sjoen hat en rekket fol fan hope op it ivige libben en de winsk om jitris it glorieuze krús nei-oan te wêzen.
 
==Fryske oersetting==