Hersteld grifformearde tsjerke De Kandelaar (De Pein): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
[[]]
Rigel 18:
| boujier = [[1908]]
| sloopjier =
| arsjitekt = [[Wolter te Riele]]
| boustyl =
| oerbrêget =
Rigel 33:
 
== Gemeente ==
Yn oktober 2012 ferkocht de herfoarme gemeente it gebou oan de grifformearde gemeente (hersteld). Dêrmei slagge de gemeente yn it stribjen om it gebou foar de kristlike earetsjinst te behâlden. Mei de ferkeap hâldt de herfoarme gemeente ien tsjerke oer, dy't yn [[Nijegea]] stiet. De grifformearde gemeente bestiet foar de haadsaak út leden dy't út de [[Grifformearde Tsjerken frijmakke]] stapt binne en sûnt 2004 by inoar kamen yn de [[Sint-Hippolytustsjerke (Olterterp)|Hippolytustsjerke]] fan [[Olterterp]]. De gemeente hat him letter oansletten by it tsjerkeferbân Grifformearde Tsjerken (Hersteld).<ref>[http://www.frieschdagblad.nl/index.asp?artID=61035 Frysk Deiblêd, 22 augustus 2012]</ref>
 
== Bouskiednis ==
De tsjerke waard yn 1908 foar de herfoarme gemeente fan De Pein boud en kaam yn it plak fan in oan Salvator wijde midsiuwske foargonger út de 12e of 13e iuw. Dat oarspronklik fan [[kleastermoppen]] boude tsjerkje krige letter in [[sealtektoer]]. Yn de 19e iuw waard de tige ferboude tsjerke slim boufallich. Al earder wie de sealtektoer ôfbrutsen en ferfongen troch in tuorke boppe de westlike gevel. Fan in restauraasje kaam it net, nei alle gedachten om't de kosten fan in restauraasje te heech útfoelen. Sa folgen de sloop fan de âlde tsjerke en de nijbou oan de súdlike kant fan de Kommisjewei.
 
Yn 2016 is de tsjerke troch de nije eigner restaurearre.
Rigel 47:
 
== Ynterieur ==
Ofkomstich út de âlde tsjerke is de 17e -iuwske [[preekstoel]] mei klankboerd. It klankboer is op de hoeken dekorearre mei symboalen fan de evangelisten.
 
Ut de tiid fan de bou stamme de twa grutte lampen, de lampen oan de muorren, it doophek en de oan wjerskanten steande sletten banken yn de dooptún.
 
Yn de finsters binne [[glês-yn-lead]] ramen oanbrocht mei foarstellings dy't ferwize nei kristlike deugden (de Hope, it Leauwen en de Leafde).
 
== Oargel ==