Burmaniasleat: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
red
Rigel 1:
[[Ofbyld:Burmaniasleat.JPG|thumb|right|250px|''Burmaniasleat, it iennichste diel mei in noch natuerlike rin'' ]]
De '''Burmaniasleat''' is in [[feart]] yn de gemeente [[Smellingerlân]]. De sleat rint benoarden [[Drachten]] tusken it [[Nije Kanaal (De Pein)|Nije Kanaal]] en [[De Kletten]]/[[De Folgeren (wenwyk)|De Folgeren]]. Oan de súdkant leit yndustryterrein [[De Haven (Drachten)|De Haven]].
 
De Burmaniasleat is in oerbliuwsel fan it eardere rivierke de (Noarder)Dragt dy't it wetter fan de feanen by [[Rottefalle]] en De Folgeren ôffierde en útmûne yn de Suder Dragt/[[Drait (wetter)|Drait]]. De namme komt fan Jonkhearjonkhear Rienks fan Burmania dy't yn de [[16e iuw]] in protte fean oan de iggen fan dat rivierke besiet. Yn de tiid fan de [[ferfeaning]] waard de bopperin yn soart [[Wyk (sydkanaal)|wyk]]. It wetter waard befarber troch it oanbringen fan slûskes. Nei de ferfeaning en nei it graven fan de [[Kletsterfeart]] waard it in ienfâldige tochtsleat.<ref>{{aut|Aa, van der}}, Smallingerland/Burmaniasloot.</ref>
 
De namme ''Burmaniasleat'' jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme ''Burmaniasloot''.