Terheijl: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
No edit summary
Rigel 1:
'''Terheijl''' ( ek: ''Ter Heijl'' ) is in [[buorskip]] yn de gemeente [[Noardenfjild]] yn provinsje [[Drinte]]. Terheijl leit besuden it doarp [[Nietap]] dêr't er formeel ek ta heart.
 
Yn de 15e iuw wie Terheijl yn it besit fan it [[kleaster fan Aduard]], dat dêr in úthof en in stienbakkerij hie. Yn 1490 stichte abt Wolter fan it kleaster Aduard by de úthof in kapel op in plak dat bekend stie as "De Helle", troch him ''It Paradys'' neamd.<ref>Bos, Jan (et al.) ''Huizen van stand: geschiedenis van de Drentse havezaten en andere herenhuizen en hun bewoners'' (1989) útjouwerij Boom, Meppel, ISBN 90-6009-889-7</ref> Terheijl krige hjirtroch syn namme ''De Helle''. De úthof waard dêrnei troch abt Godefridus ferboud ta slot, de lettere [[havezate]], dy't [[Terheijl (havesate)|Terheijl]] neamd waard. De namme waard yn it ferline ferkeward begrepen as: ''ter Helle'', dus: yn de [[hel (leauwenskonsept)|hel]]. Dit kin ferklearje dat in by it buorskip lizzend marke (in [[pingo|pingoruïne]]) de naam ''Faaiefjoer'' krige. De namme ''helle'' betsjut lykwols leechte, poel of helling.