Nijtap: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 1:
{{wurk}}
'''Nijtap''' is in [[buorskip]] yn de gemeente [[Smellingerlân]], yn de Nederlânske provinsje [[Fryslân]]. Nijtap leit noardwestlik fan [[Drachten]], tusken [[De Pein]] en buorskip [[De Folgeren]]. De buorskip bestiet út de diken Nijtap (rjochting Drachten), Binnendyks en de Rydwei en wurdt yn it noardeasten begrinzge troch de [[N31|Wâldwei]].
[[File:Klokkenstoel Opeinde 10cw.JPG|thumb|175px|De klokkestoel op it begraafplak]]
Yn Nijtap stiet ien fan de [[klokkestuollen yn Fryslân]]. Dy stiet op it begraafplak, dêr't ek it [[Earehôf De Pein]] part fan is. Ungefear op dat plak hat ek de oarspronklike tsjerke fan De Pein stien. Yn 1908 waard in eintsje fierderop nei it westen de [[Hersteld grifformearde tsjerke De Kandelaar (de Pein)|Herfoarme tsjerke]] set oan de râne fan de doarpskom.
 
Njonken it begraafplak is in [[krematoarium]] mei in útfeartsintrum anneks, de Wâldhof. Dêr ferrize yn 2007 in nije klokkestoel, in kopy fan de klokkestoel dy't ea op it Suderbegraafplak yn Drachten stie (sjoch ek ûnder [[De Pein]]).
 
Nijtap wurdt trochkrúsd troch de Noarderhegewei mei in [[rotonde]]. Nijtap is sadwaande ferdield yn in westlik part, dat ta De Pein rekkene wurdt, en in eastlik part dat yn de hjoeddeiske praktyk by De Folgeren/Drachten rekkene wurde kin. De rotonde krige yn 2019 in 'skûtsjemonumint' ta oantins fan de skûtsjewerven dy't Drachten eartiids hie.
== Alste hûs fan de gemeente ==
Yn Nijtap stiet it âldste hûs fan Smellingerlân. Sûnt 1995 hjit it ek '''t Oude Huis''. De (eardere) [[pleats]], letter in '[[bêd en brochje]]' foar fytsers en no in rekreaasjewent, waard yn 1668 set en is in [[Ryksmonumint]]. Njonken de went stiet in iuwenâlde [[linebeam]].
 
== Ferneamde bewenner ==
In pleatslik bekende bewenner fan Nijtap wie Sake Sietzes Reindersma (1877-1948), in notabele dy't in soad jild útjoech oan ynwenners fan De Pein, Nijtap en [[De Folgeren]] dy't harren net rêde koene. Een kunstwerk voor hem werd Yn 2013 waard in keunstwurk ta syn oantins ûntbleate by de yngong fan de nijbouwyk [[Vrijburgh (wenwyk)|Vrijburgh]], oan de râne fan Nijtap yn [[Drachten]].
 
{{Boarnen|boarnefernijing=