Kearkring: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
L [[]] oars
Rigel 1:
[[Ofbyld:Wendekreise.png|thumb|right|250px|Fan noard nei súd:<br />De kreeftskearkring. <br />De [[evener]]. <br />De stienbokskearkring]]
 
'''Kearkringen''' binne bysûndere [[parallel (geografy)|parallellen]]len op [[ierde]]. Der binne twa, de [[Kreeftskearkring]], op likernôch 23° 26′ 22″ [[noarderbreedte]] en de oare, de [[Stienbokskearkring]], op likernôch 23° 26′ 22″ [[suderbreedte]]. De breedte is lyk oan de hellingshoeke fan de ierdas tsjin de baan fan de ierde om de [[sinne]]. Tusken de kearkringen yn leit de [[evener]]. It gebiet tusken de kearkringen wurdt wol de tropen neamd.
 
Trochdat de ierdas in hoeke makket tsjin de baan om de sinne, berikt de sinne foar in waarnimmer net op eltse datum deselde maksimale hichte. Op of om [[21 juny]] stiet de sinne leadrjocht boppe de Kreeftskearkring. Op it [[noardlik healrûn]] begjint dan de [[simmer]], wylst op it [[súdlik healrûn]] dan de [[winter]] begjint. De sinne stiet op dat stuit yn it stjerrebyld [[Kreeft (stjerrebyld)|Kreeft)]].