Bank (finansjele ynstelling): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Rigel 38:
:In offshorebank is in bank dy't kantoar hâldt yn in [[List fan lannen en territoaria|lân of territoarium]] dêr't de [[belesting]]druk en/of de regeldruk sa leech mooglik is. Fermogenden út oare dielen fan 'e wrâld bringe der har jild ûnder, faak om it beteljen fan belesting yn eigen lân te ûntrinnen. Bekende lannen en territoaria dêr't soksoarte banken har befine, binne [[Switserlân]], [[Lúksemboarch (gruthartochdom)|Lúksemboarch]], [[Jersey]], [[Guernsey]], [[Man (eilân)|Man]] en de [[Kaaimaneilannen]].
*[[commercial bank]]
:In commercial bank (dit type bank is inkeld ûnder de [[Ingelsk]]e beneaming bekend) wie foarhinne itselde as in sakebank. De term waard dus brûkt om in sakebank te ûnderskieden fan in gewoane konsumintebank. Tsjintwurdich is dat net mear fan belang, mei't sakebanken en konsumintebanken no yn ien [[concern]] feriene wêze kinne. Sadwaande wurdt dizze term no wol brûkt om yntern binnen sa'n concern ûnderskie te meitsjen tusken de ferskillende aktiviteiten: ''commercial banking'' of ''wholesale banking'' foar bedriuwen en konsumintbankieren of ''private banking'' foar de gewoane man.
*[[ûndernimmersbank]]
:De ûndernimmersbank is soarte bank dy't opset is foar en troch [[ûndernimmer]]s. Dy finansiere dêrby út eigen middels en út 'e middels fan mei-ûndernimmers oare ûndernimmings yn it [[midden- en lytsbedriuw]].