Jeleazarov-kleaster: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
LNo edit summary |
No edit summary |
||
Rigel 33:
It '''Jeleazarov-kleaster''' ([[Russysk]]: Елеазаров монастырь) is in lyts [[Russysk-Otterdokse Tsjerke|otterdoksk]] nonnekleaster, sa'n 25 kilometer noardlik fan de [[Ruslân|Russyske]] stêd [[Pskov]]. Eartiids wie it in kleaster foar muontsen, mar tsjintwurdich is it in nonnekleaster.
== Skiednis ==
It oan de wei fan Pskov nei [[Gdov]] lizzende kleaster waard yn 1447 stifte troch de boer Eleazar, dy't de kleasternamme Efrosin oannaam. Hy sette útein mei de bou fan in houten tsjerke dy't oan de [[Trije Hiërargen|trije hillige
[[File:Спасо-Елизаровский женский монастырь 04.jpg|thumb|left|250px|''De restaurearre kleastergebouwen'']]
Yn it midden fan de 16 iuw waard it kleaster fortifisearre. Tanksij de gelearde [[hegumen]] [[Filofej fan Pskov|Filofej]] krige it kleaster in romrofte namme. Oan him wurdt de "Legende fan de wite Kovel" taskreaun. Ek die hy yn in brief oan [[Vasili III fan Moskou|Vasili III]] oan it konsept fan Moskou as it [[Tredde Rome]] út de doeken. Under syn bestjoer waard it kleaster ferneamd fanwegen de ikoaneskilders. Ek de bou fan de noch jimmeroan besteande katedraal fûn yn dy tiid plak.
|