Michel Marijnen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
No edit summary
 
Rigel 1:
'''M.J.H.M. (Michel) Marijnen''' ([[De Haach]], [[8 july]] [[1945]]) is in [[Nederlân]]sk [[CDA]]-politikus.
 
[[Victor Marijnen]], syn heit, is in bekend [[Katolike Folkspartij|KVP]]-politikus dy't ûnder oaren minister-presidint en boargemaster fan De Haach west hat. Nei it gymnasium studearre er fan 1967 ôf rjochten oan de [[Universiteit Leien]] dêr't er yn 1972 ôfstudearre. Dêrnei waard er beliedsmeiwurker by de Stafôfdieling Ynternasjonale Saken op it [[Ministearje fan Folkssûnens en Miljeuhygiëne]]. Yn 1976 makke Marijnen de oerstap nei it Ministearje fan FinânsjenFinânsjes dêr't er as Haad Buro [[Europeeske Ekonomyske Mienskip|EEG]] oan 't wurk gie.
 
Op 16 augustus 1979 gie er lykas syn heit de polityk yn en waard er boargemaster fan de gemeente [[Haskerlân]] dêr't er [[Philip Houben (politikus)|Philip Houben]] opfolge, de lettere boargemaster fan [[Maastricht]]. By de [[gemeentlike weryndieling]] fan 1 jannewaris 1984 gong Haskerlân op yn de nije gemeente [[Skarsterlân]] dêr't Marijnen boargemaster waard. Goed 6 jier letter folge syn beneaming ta boargemaster fan [[Roosendaal en Nispen]]. By de gemeentlike weryndieling fan 1997 waard dy gemeente gearfoege mei [[Wouw (plak|Wouw]] en ûntstie de gemeente [[Roosendaal]] mei Marijnen as boargemaster. Letter helle er mei boargemaster [[Han Polman|Polman]] fan [[Bergen op Zoom]] mear as ien kear de krante fanwege it sluten fan de [[coffeeshop]]s yn dy gemeenten. Simmer 2010 gie er mei pinsjoen.