Drûchte: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
ek skrokkens
Rigel 1:
[[File:2011_Horn_of_Africa_famine_Oxfam_01.jpg|right|thumb|250px|Drûchte wie yn [[2011]] de oarsaak fan [[hongersneed yn de Hoarn fan Afrika (2011)|de hongersneed]] yn 'e [[Hoarn fan Afrika]].]]
In '''drûchte''' (oant [[2015]] [[stavere]] as '''droechte''') of '''skrokkens''' is in langere perioade dat der gebrek oan [[wetter]] is. Dat wurdt almeast feroarsake trochdat der lang gjin of minder as gemiddelde [[delslach (waar)|delslach]] falt, sadat it [[oerflaktewetter]] en/of [[grûnwetter]] oprekket. Fral by [[sinne]]skynwaar mei [[wyn (waar)|wyn]] en hege [[temperatuer]]en kin der in protte [[floeistof|focht]] [[ferdamping|ferdampe]], mei as gefolch dat it [[wetterkrapte|wettertekoart]] fluch oanboazet. Drûchte komt dêrtroch benammen foar yn 'e [[simmer]] en yn dielen fan 'e wrâld dêr't it altyd [[hjittens|hjit]] is, lykas [[woastinen]]. Ek de foarskiednis is fan belang: as ek it foargeande jier drûch wie, rint it wettertekoart fierder op. Foar de [[lânbou]] makket de [[minske]] yn sokke gefallen faak gebrûk fan [[yrrigaasje]], mar it wetter dat dêrfoar brûkt wurdt, moat ek earne wei komme, en soks makket de drûchte dêrom op 'e lange termyn slimmer ynstee fan better.
 
Drûchte kin [[moanne (tiid)|moannen]] of sels [[jier]]ren oanhâlde. It kin fan grutte ynfloed wêze op it [[ekosysteem]] en de lânbou yn it troffen gebiet, en sadwaande kin it ek de [[ekonomy]] skea tabringe. Guon dielen fan 'e wrâld, benammen yn 'e [[tropen]], hawwe elts jier in drûge tiid, as der suver hielendal gjin delslach falt, en in [[reintiid]], as frijwol alle jierlikse delslach efterinoar delkomt. Dy ferdieling makket de kâns op 'e ûntwikkeling fan drûchte grutter, mei't it foarkomme kin dat de rein yn in beskaat jier fanwegen [[klimatology]]ske omstannichheden gewoanwei net komt. Ek liene drûge seizoenen har tige foar de ûntjouwing fan [[natoerbrân|natoerbrannen]]. Nettsjinsteande dat is drûchte in weromkearend ferskynsel yn it [[klimaat]] fan hast de hiele wrâld.