Film: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
L red |
L red |
||
Rigel 73:
Foarhinne wie it sa dat film likernôch in healjier nei't se yn 'e bioskoop yn premiêre gien wiene, útkamen yn 'e [[fideoteek]], dêr't se op [[VHS]]-[[fideobân|fideobannen]] [[hier|ferhierd]] waarden. Wer likernôch in healjier letter ferskynden se dan as [[keapfideo]]. Tsjintwurdich wurde films faak in pear [[moanne (tiid)|moannen]] of in fearnsjier nei't se foar it earst yn 'e bioskoop kommen binne al [[te keap]] útbrocht op [[dvd]] en [[blu-ray]]. Op 'e [[tillefyzje]] wurde se pas foar it earst útstjoerd likernôch in jier nei de premiêre yn 'e bioskoop. Dêrnjonken binne films tsjintwurdich ek foar ien besichtiging te 'keapjen' oer it [[ynternet]] by [[video on demand]]-bedriuwen, lykas [[Netflix]].
As in film yn it lân fan produksje net genôch jild opbrocht hat yn 'e bioskoop, wurdt by ferkeap oan oare lannen de bioskoop dêre gauris oerslein. De film wurdt yn it bûtenlân dan daliks útbrocht op dvd. Soks bart ek wol yn it lân fan produksje sels, as de filmstudio nei it ôfrûnjen fan 'e produksje ta de konklúzje komt dat de film net goed genôch is foar de bioskopen, of as de bioskopen der gjin brea yn sjogge. Sokke films wurde oantsjut as [[direct
De opkomst fan it [[ynternet]] hat derta laat dat mannich begjinnend filmmakker syn eigen wurken no oan in grut publyk toane kin troch syn films ienfâldichwei op [[webside]]n as [[YouTube]] of [[Vimeo]] te setten. Dat is in grutte feroaring, dy't begjinnende filmmakkers folle ûnôfhinkliker makket fan [[filmstudio's]] en [[bioskopen]]. Fia û.m. de [[sosjale media]] kinne films boppedat maklik en relatyf goedkeap by minsken ûnder de oandacht brocht wurde.
|