Oscar: ferskil tusken ferzjes

20 bytes lytser ,  2 jier lyn
L
 
==Eftergrûn==
De ''Oscars'' waarden foar it earst útrikt yn [[1929]]. De tawizing en de útrikking fan 'e prizen wurdt organisearre troch ''[[Academy of Motion Picture Arts and Sciences]]'' (AMPAS, "Akademy fan Filmkeunsten en -wittenskippen"). De útrikkingsseremoanje, dy't plakfynt yn it ''[[Dolby Theatre]]'' te [[Los Angeles]] (dat foarhinne it ''Kodak Theatre'' hiet), is ien fan 'e hichtepunten fan it Amerikaanske tillefyzjejier en wurdt ''live'' útstjoerd. De earste tillefyzjeregistraasje wie yn [[1953]]. It is ûnbekend wêr't de bynamme "Oscar" weikomt, al geane dêr in ferskaat fan ferhalen oer, allegear like ûnbewiisber en gauris mar frijwat fiersocht. De measte kategoryen dêr't in Oskar foar takend wurdt, binne basearre op in wedstrydelemint, al sprekt de ''Academy of Motion Picture Arts and Sciences'' leaver fan prizen basearre op "fertsjinste" (''merit''). Mar hoe't je it ek neame wolle, feit bliuwt dat in Oskar yn 'e measte kategoryen min ofte mear as kampioenskipspriis fungearret. De winners fan 'e ''Oscars'' wurde keazen troch de leden fan 'e ''Academy of Motion Picture Arts and Sciences'' (foar de "fertsjinste"-kategoryen) of útornearre troch spesjaal dêrfoar gearstalde komitees (de spesjale kategoryen).
 
De measte kategoryen dêr't in Oskar foar takend wurdt, binne basearre op in wedstrydelemint, al sprekt de Academy of Motion Picture Arts and Sciences leaver fan prizen basearre op "fertsjinste" (''merit''). Mar hoe't je it ek neame wolle, feit bliuwt dat in Oskar yn 'e measte kategoryen min ofte mear as kampioenskipspriis fungearret. De winners fan 'e Oscars wurde keazen troch de leden fan 'e Academy of Motion Picture Arts and Sciences (foar de "fertsjinste"-kategoryen) of útornearre troch spesjaal dêrfoar gearstalde komitees (de spesjale kategoryen).
 
==Kategoryen==