Debby Petter: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 34:
Fanôf begjin jierren njoggentich wie Petter wurksum as [[presintatrise]] op 'e [[tillefyzje]], wêrby't se úteinsette by de lokale Amsterdamske stjoerder [[AT5]]. Fan [[1993]] ôf presintearre se by de [[KRO]] in hoart it programma ''Spoorloos'', en yn [[1996]] by de [[Wrâldomrop]] it programma ''Studio NL''. Bekendheid by in breder publyk krige Petter doe't se fan [[1996]] oant [[2002]] as [[nijslêzeresse]] fan it ''NOS Journaal'' aktyf wie. Oanslutend wurke se foar [[BVN]], de satellytstjoerder fan 'e Wrâldomrop. Doe't dat ophold, joech se ferskate jierren [[Nederlânsk]]e les oan bûtenlanners.
 
Yn [[febrewaris]] [[2009]] kaam Petter har earste boek ''Ik Ben Er Nog'' út, wêryn't hja it libbensferhaal fan har Joadske mem beskreau. [[Toaniel]][[regisseur]] [[Thomas Verbogt]] wurke dat om ta in [[toaniel]]foarstelling, dy't produsearre waard troch [[Hekwerk Theaterprodocties]] (fan Youp van 't Hek) en útfierd troch Petter sels. Sa stie se yn [[2011]] foar it earst sûnt har tinerjierren wer op 'e planken, wêrfoar't se nei eigen sizzen by elke nije rige foarstellings in freeslike [[plankekoarts]] oerwinne moat. Yn [[2013]] folge de foarstelling ''Gaandeweg'', en yn [[2015]] ''Bed & Breakfast'', wêrfoar't Petter eltse kear gearwurke mei Verbogt. Sawol ''Gaandeweg'' as ''Bed & Breakfast'' wiene solofoarstellings dy't basearre wiene op Petter har eigen boeken.<br>
Yn 2017-2018 stie hja op de planken mei de solofoarstelling ''In mijn hoofd'', in ferhaal oer in syklike leagener.
 
==Bibliografy==