Fal fan Konstantinopel (1453): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 19:
De '''Fal fan Konstantinopel''' wie de oermastering fan de haadstêd fan it [[Byzantynske Ryk]] troch it [[Osmaanske Ryk|Ottomaanske]] leger op 29 maaie 1453. De oanfal stie ûnder lieding fan de doe 21 jier âlde [[sultan]] [[Mehmed II]], dy't it leger fan keizer [[Konstantyn XI Palaiologos]] fersloech en de keizerlike haadstêd ynnaam. Dêrmei kaam in ein oan in belis fan 53 dagen, dat begûn op 6 april 1453. Nei de oermastering fan de stêd ferfongen de Ottomanen [[Edirne]] as haadstêd troch [[Konstantinopel]] en waard Konstantinopel de hôfstêd fan de sultan. De oermastering fan Konstantinopel leverde de sultan de bynamme "Mehmet de Oermasterer" op.
 
Mei de oermastering fan de stêd (en al gau dêrnei ek de oare Byzantynske besittings) kaam in ein oan it [[Romeinske Ryk]], in steat dy't sûnt 27 foar Kristus en hast 1.500 jier bestien hie. De troepen fan Mehmet II mochten de stêd nei de oermastering trije dagen plonderje en de likernôch 30.000 ynwenners fan de stêd waarden as slaven ferkocht. De grutste tsjerke fan it Byzantynske Ryk, de [[Hagia Sofia (Istanbûl)|Hagia Sofia]], waard transformearre yn in [[moskee]]. De Ottomanen bleaune de stêd Konstantiniyye neamen, de [[Arabysk]]e namme fan Konstantinopel. Net earder dan yn 1930 krige de stêd offisjeel de hjoeddeiske namme [[Istanbûl]].
 
It oermasterjen fan de stêd troch de Ottomanen sloech ek in ûnbidich gat yn de ferdigening fan it Europeeske kontinint. Sûnder lykweardige tsjinstanner koene de [[Islaam|islamityske]] legers no sûnder grutte wjerstân fierder trochstjitte yn it [[Kristendom|kristlike]] Europa.