Fisigoatyske Ryk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw de sinbou en stavering wat oanpast
utwreiding artikel mei delgong
Rigel 14:
Noch foardat it [[West-Romeinske Ryk]] yninoar stoarte, waard ûnder de twadde grutte kening fan de Fisigoaten, [[Eurik]], al folsleine ûnôfhinklikens ôftwongen. Under syn bewâld foarme it Fisigoatyske ryk it machtigste ryk yn West-Jeropa. Sa om [[500]] hinne berikte it keninkryk syn grutste útwreiding.
 
==Delgong== {{stavering}}
===De slach om Galje===
Mei de opkomst fan it [[Frankyske ryk]] fan kening [[Klovis]] ûntstie stadich oan spannings oan de noardgrins van it Fisigoatyske ryk. Dizze spannings waarden serieus doe Klovis in bûnsmaatskip slette mei de [[Boergonden|Boergondyske]] kening [[Gundobad]]. Nei wat lytsere territoriale konflikten krige de spannings hietyd faker in godstsjinnich karakter. De Franken en Boergonden, beide [[Roomsk-Katolike Tsjerke|Katolike]] folkeren, krige stipe fan de Katolike tsjerke kerk yn Galje. De Fisigoaten, dy't sels it [[Arianisme|Arianen]] wienen, waarden fan binnen út ûnder drok set troch harren Katolike Gallo-Romeinske befolking. Fanút de Katolike tsjerken ropten de biskoppen de befolking op om yn ferset te kommen tsjin de Fisigoaten. As reaksje hjirop waarden de biskoppen fan Limoges en Arles gizelje. Dat wie foar Klovis reden om de Fisigoatyske kening [[Alarik II|Alarik]] mei oarloch te driigjen.
 
Om in ein te meitsjen oan de oarlochsdriiging, rop Alarik de bemiddeling yn fan syn skoanhei, de [[Ostrogoaten|Ostrogoatyske]] kening [[Diderik de Grutte]]. Tanksy syn bemiddeling kaam der yn [[506]] in fredesferdrach tusken Klovis en Alarik.
[[kategory:Fisigoaten]]
 
Klovis wie lykwols net fan betinken om him oan it ferdrach te hâlden. Yn de maityd foel hy tagelyk mei kening [[Sigebert]] fan de [[Ripuaryske Franken]] en kening Gundobad fan de Boergonden, it Fisigoatyske keninkryk oan. Yn de [[Slach by Vouillé]] waarden de Fisigoaten folslein ferslagen en foel kening Alarik yn Frankyske hannen. De Fisigoatyske kening waard eigenhannich fermoarre troch Klovis. It restant fan it Fisigoatyske leger flechte nei it suden en luts harren tebek yn [[Septimaanje]]. Klovis gong oer ta it ferdelgjen fan de lêste fersetshaarden. Syn soan [[Theuderik I fan Austraasje|Theuderik]] waard belêste mei de oermastering fan [[Celtica]], wylst hy sels te striden luts tsjin de [[Basken]]. De oermastering fan Septimaanje waard oerlitten oan Gundobad.
 
Yn Septimaanje lutzen de Fisigoaten harren tebek yn in oantal goed ferdigenjen stêden: [[Carcassonne]], [[Béziers]], [[Nîmes]] en [[Arles]]. Alhoewol't alle stêden langdjoerich belegere waarden en de landbouwgrûnnen yn brûn stutzen waarden, weinen de Boergonden net yn steat om de stêden yn te nimmen. Doe yn [[508]] úteinlik de Eastrogoten harren mei de striid bemoeiden waarden Arles en Avignon ûntset en de Boergonden fuortjije. Septimaanje soe Fisigoatysk bliuwe, mar de rest fan Galje gong foar altiten ferlern.
 
 
[[kategoryKategory:Fisigoaten]]
[[Kategory:Germaansk keninkryk]]