Bruno Brazil: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Rigel 1:
'''Bruno Brazil''' is in rige fan oarsprong [[Frânsk]]talige [[stripferhaal|stripferhalen]] fan it genre: spionaazje en triller, dat tekene is troch de [[Walloanje|Waal]] [[William Vance]] op in ferhaal fan Louis Albert (in oare pseudonym fan [[Greg]]). It is in realistysk tekene [[aksjestrip]] út de sântiger jierren dat ferskenen is yn it wykblêd [[Kuifje (wykblêd)| Kuifje]] en yn albumfoarm útjaan wurdt troch [[Le Lombard]].
 
De haadpersoan fan it stripferhaal is Bruno Brazil, in geheim agent dy't in lytske spesiale ienheid fan de Amerikaankse geheime tsjinst liet en dat bekend stie ûnder de kodenamme "Commando Kaaiman". Alle seis leden fan it kommando hawwe in unike eigenskip. Alhoewol't skitterend tekene troch fakman ''Vance'' docht de rige tsjintwurdich wat dateare oan. De ynfloed fan ''Greg'' is hjir benammen debet oan, foaral troch syn somtiids wat moralistysk oandoggende dialogen. Lykwols stekke de plots oer it mêd goed yn inoar. De Strip wie yn safiere fernijend dat alle helden stoarne. Wat Vance oanbelanget moat sizzen wurde dat hy yn dizze rige neffens syn oare wurk tige eksperiminteel en fernijend te wurk west hat, benammen de kleureffekten en plaatyndieling wienen foarútstribjend..
Rigel 24:
*[http://michel.greg.free.fr/ Offisjele webstee fan Greg]
 
[[Kategory:StriprigeStripsearje út 1969]]
[[Kategory:Frânsktalige stripsearje]]
[[Kategory:Stripfiguer]]