1930-er jierren: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
L red
Rigel 6:
| jierren = [[1930]]&nbsp;&nbsp;&nbsp;•&nbsp;&nbsp;&nbsp;[[1931]]&nbsp;&nbsp;&nbsp;•&nbsp;&nbsp;&nbsp;[[1932]]&nbsp;&nbsp;&nbsp;•&nbsp;&nbsp;&nbsp;[[1933]]&nbsp;&nbsp;&nbsp;•&nbsp;&nbsp;&nbsp;[[1934]]<br> [[1935]]&nbsp;&nbsp;&nbsp;•&nbsp;&nbsp;&nbsp;[[1936]]&nbsp;&nbsp;&nbsp;•&nbsp;&nbsp;&nbsp;[[1937]]&nbsp;&nbsp;&nbsp;•&nbsp;&nbsp;&nbsp;[[1938]]&nbsp;&nbsp;&nbsp;•&nbsp;&nbsp;&nbsp;[[1939]]
}}
De '''1930-er jierren''', ek oantsjut as de '''tritiger jierren''' en de '''jierren ’30''', wiene in [[desennium]] fan 'e [[20e iuw]] neffens de [[Gregoriaanske kalinder]]. Rekkenkundich sjoen begûn it op [[1&nbsp;jannewaris]] [[1931]] en duorre it oant en mei [[31&nbsp;desimber]] [[1940]], mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan [[1&nbsp;jannewaris]] [[1930]] oant en mei [[31&nbsp;desimber]] [[1939]]. Dit desennium stie benammen yn it teken fan in djippe [[ekonomy]]ske krisis dy't de [[Grutte Depresje]] neamd wurdt, en dy't foar in soad [[wurkleazens]] en [[earmoede]] soarge. Dêrnjonken wiene de tritiger jierren in tiid fan oanboazjende spannings yn [[Jeropa]], feroarsake troch de opkomst fan it [[faksisme]] yn ferskate lannen en it dêroan besibbe [[nasjonaal-sosjalisme]] yn [[Dútslân]], dêr't yn [[1933]] [[Adolf Hitler]] oan 'e macht kaam. It desennium markearre de ein fan it [[Ynterbellum]] en einige mei de [[Dútske ynfal yn Poalen]], yn [[septimber]] [[1939]], dy't it begjin fan 'e [[Twadde Wrâldoarloch]] betsjutte. [[Kultureel]] wiene de 1930-er jierren in perioade fan oanboazjende [[kekenens]] en [[sensuer]], wat him û.m. utere yn 'e ein fan it [[Pre-Code (Hollywood)|Pre-Code-tiidrek]] yn [[Hollywood]] yn [[1934]].
__TOC__
==Oersjoch==
Rigel 184:
*[[15 juny]] - In topmoeting yn [[Feneesje]] tusken de [[diktator]]s [[Adolf Hitler]], fan [[nazy-Dútslân]], en [[Benito Mussolini]], fan [[Itaalje]], mislearret om't Mussolini mordikus tsjin is op 'e tanimmende nazy-Dútske ynfloed yn [[Eastenryk]].
*[[30 juny]] - De [[Nacht fan de Lange Messen]]: yn [[nazy-Dútslân]] wurdt op befel fan [[diktator]] [[Adolf Hitler]] de top fan 'e [[SA]] [[moard|útmoarde]], dy't te selsstannich operearre.
*[[1 july]] - Mei de ynstelling fan 'e [[Production Code Administration]] (PCA), dy't tenei strang tafersjoch hâldt op it neilibjen troch de [[filmstudio's]] fan 'e [[sensuer]]regels fêstlein yn 'e [[Motion Picture Production Code]], komt yn 'e [[filmyndustry]] fan [[Hollywood]] in ein oan 'e frijheid fan it [[Pre-Code (Hollywood)|Pre-Code-tiidryk]].
*[[3 july]] - Yn [[Nederlân]] komt [[prins-gemaal]] [[Hindrik fan Meklenburch-Schwerin]] te [[ferstjerren]], de [[oarehelte|man]] fan [[keninginne]] [[Wilhelmina fan 'e Nederlannen|Wilhelmina]].
*[[4 july]] - Yn [[Amsterdam]] brekke de [[Reade Julydagen]] út, in folksopstân mei as sintrum de [[Jordaan (Amsterdam)|Jordaan]], dy't rjochte is tsjin 'e ferleging fan 'e [[wurkleasheidsútkearing]]s troch it [[Nederlân]]ske [[regear]] fan [[Hendrik Colijn]].