Frysk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Tal sprekkers: db:Minsklike migraasje
+ filmpke út 1946
Rigel 125:
De earste [[organisaasje]]s dy't rjochte wiene op it behâld fan 'e Fryske [[taal]] en [[kultuer]], waarden oan it begjin fan 'e njoggentjinde iuw oprjochte. De alderearste dêrfan wie it yn [[1827]] stifte ''[[Friesch Genootschap voor Geschied-, Oudheid- en Taalkunde]]'', dat trouwens ornaris net ta de [[Fryske Beweging]] rekkene wurdt om't it it [[Nederlânsk]] as fiertaal brûkte en pommeranten út dit fermidden gauris negatyf sputsen en skreaune oer de [[emansipaasje]] fan it Frysk. Wichtiger foar it Frysk wie dan ek it [[Selskip foar Fryske Tael- en Skriftekennisse]], dat oprjochte waard yn [[1844]].
[[File:Fryske Akademy.jpg|right|thumb|180px|It [[Coulonhûs]], de sit fan 'e [[Fryske Akademy]].]]
[[File:EXAMEN IN DE FRIESE TAAL-PGM4011888.webm|thumb|Eksamens yn de Fryske taal yn in [[Polygoonsjoernaal]] út 1946]]
 
Oant en mei de [[njoggentjinde iuw]] hie it [[ûnderwiis]] it Frysk iuwenlang tsjinwurke of op syn bêst negearre. Noch yn [[1816]] waard yn it ûnderwiisalmenak de [[skoalmaster]]s oanmoanne om it "''vriesch boersch''" yn en om 'e skoallen dochs fral net ta te litten. Tsjin it begjin fan 'e [[tweintichste iuw]] begûn men yn [[Fryslân]] lykwols te easkjen dat it Frysk as fak op 'e skoallen ûnderwiisd wurde soe. Under mear ta dat doel rjochte yn [[1915]] in groep jonge Fryske skriuwers de [[Jongfryske Mienskip]] op, dy't doelbewust en systematysk in kampanje fierde foar de fierdere ûntwikkeling en ferheffing fan it Frysk. In geweldich súkses wie dêrby, yn [[1938]], de oprjochting fan 'e [[Fryske Akademy]], dy't him mei it yn [[1941]] stifte [[Frysk Ynstitút oan de Ryksuniversiteit Grins]] ta it sintrum fan 'e Fryske [[taalkunde]] ûntjoech.