Naturalisme (literatuer): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
Rigel 2:
 
== Naturalisme, romantyk en realisme ==
Grutte ferskillen tussentusken de doetiidske romantyske tendins oan 'e iene kant en it realisme en naturalisme oan 'e oare kant binne de tematyk, werjefte en wurkwize.
 
Wylst de romantyske keunstner faak it [[idealisme|idealistyske]], boppenatuerlike en fantastyske behannelet, rjochtsje de realisten naturalisten harren op it alledeiske. Yn de romantyk stiet de held en de keunstner sintraal, by it realisme en naturalisme wurdt dat de man fan ‘e strjitte, de arbeider. It naturalisme giet dêr noch wat fierder mei: it stelt bytiden ek de [[prostitúsje|prostituee]] of de sike sintraal. De romantikus hat ûnnocht mei de werklikheid, en ûntrint dy dan ek: de romantikus flechtet yn it fantastyske en ferhevene en ferhearliket it. De realist stapt fan dy ferhearliking ôf, en keart him nei de realiteit. De naturalist, op syn bar, toant syn ûnnocht mei de maatskiplike tastannen. Yn it naturalisme is neat werom te finen fan de idealen fan de romantyk. It docht bliken dy bytiden sels oan te kleien.