Hongersneed op St. Lawrence: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
nije side |
L →Eftergrûn: red |
||
Rigel 21:
Yn 'e twadde helte fan 'e [[njoggentjinde iuw]] wennen der op [[St. Lawrence (eilân)|St. Lawrence]] likernôch 4.000 [[Jûpik (folk)|Jûpik]] (''Yup’ik''). De Jûpik binne in subgroep fan 'e [[Eskimo's]]. Op St. Lawrence gie it, om sekuerder te wêzen, benammen om [[Middensibearyske Jûpik]], mei dêropta guon [[Middenalaskaanske Jûpik]] (dat binne [[folk]]en dy't ferskillende [[talen]] sprekke). Hja wiene ferdield oer ferskate [[doarp]]en en libben fan 'e [[jacht (aktiviteit)|jacht]] op [[walrus]]sen en [[walfiskeftigen|walfisken]] en fan 'e [[fiskerij]]. Yn [[1878]] briek der op it eilân in [[hongersneed]] út. Wa't fan 'e eilânbewenners de mooglikheid hie om it eilân te ferlitten, naam de wyk nei it fêstelân fan [[Alaska]] of [[Sibearje]]. De oerbleaune 1.500 minsken wiene allegear Middensibearyske Jûpik.
It drama gie oan 'e bûtenwrâld foarby oant St. Lawrence yn [[1880]] oandien waard troch de USRC ''Thomas Corwin'', in [[skip]] fan 'e [[United States Revenue Cutter Service]]. (Dat wie in yn [[1915]] ophefte [[dûane]]tsjinst dy't omfear mei lytse, [[wapen|bewapene]] [[sylskip]]pen of ''cutters''
<blockquote>"Ik gie oan lân yn in plak oan 'e noardkust […] dêr't, bewuolle yn harren tekkens fan bûnt op sliepplatfoarmen likernôch 25 deade lichems fan folwoeksenen leine. […] In stikmannich milen eastlik dêrfan, lei oan 'e kust in oar doarp, dêr't ik 200 deade minsken oantrof. Yn in grut hûs waarden sa'n 15 lichems fûn, opsteapele as kachelhout."<ref>{{Aut|Bockstoce, John R.}}, ''Furs and Frontiers In the Far North: The Contest Among Native and Foreign Nations for the Bering Strait Fur Trade'', New Haven, 2009 (Yale University Press), ISBN 978-0 30 01 54 900, s. 318.</ref></blockquote>
|