Arteezje (regio): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Side makke mei "thumb|Arteezje yn it departemint Pas-de-Calais thumb|Flagge fan it greefskip Arteezje Ofbyld:VlaanderenArtesie1477.png|thumb|Arteezj..."
 
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Artois.png|thumb|Arteezje yn it departemint Pas-de-Calais]]
[[Ofbyld:Flag of Artois.pngsvg|thumb|150px|Flagge fan it greefskip Arteezje]]
[[Ofbyld:VlaanderenArtesie1477.png|thumb|Arteezje yn de 15e iuw]]
[[Ofbyld:Artois.JPG|thumb|Gea yn 'e omkriten fan Delettes]]
'''Arteezje''' (Frânsk]]: ''Artois'', [[Nederlânsk]]: ''Artesië'') is in streek yn it noarden fan [[Frankryk]]. It gebiet beslacht sa'n 4000 km² en telt in befolking fan likernôch 1 miljoen minsken. De wichtichste stêden fan it gebiet binne: [[Arras]] (Nederlânsk: Atrecht), Saint-Omer ([[Sint-Omaars]]), [[Lens]] en [[Béthune]].
 
Line 18 ⟶ 19:
 
It waard doe in Frânske provinsje en Arras bleau de haadstêd. Nei de [[Frânske Revolúsje]] waard Arteezje bas in bestjoerlike ienheid opheft en waard it part fan it departemint Pas-de-Calais.
 
== Eardere taaltastân ==
[[Ofbyld:Picquendal.JPG|thumb|Plaknamme Picquendal (''Pikkendal'') mei in Germaansk-Nederlânske oarsprong]]
It gebiet fan Arteezje lei sûnt it neigean fan it [[Romeinske Ryk]] yn it oergongsgebiet fan [[Germaansk]]- en [[Romaansk]]taligen, mei in sterke [[Franken|Frankyske]] en [[Saksen (folk)|Saksyske]] oanwêzigens yn it noarden, dêr't letter de [[Nederlânsk]]e en [[Flaamsk]]e dialekten harren ûntwikkelen, en in Romaansktalige yn it suden, dêr't [[Pikardysk]]e en [[Frânsk]]e dialekten harren ûntjoegen. Itgebiet mei Germaanske dialekten rûn eartiids fierder nei it westen yn it eardere [[greefskip Boulogne]]. Al rillegau wie der sprake fan romanisaasje fan it suden nei it noarden, foar't de streek noch troch Frankryk anneksearre waard en hast folslein op it Frânsk oergien wie. Yn [[Frânsk-Flaanderen]] bleau men lykwols wol Nederlânsk praten. Plaknammen en oare toponimen jouwe noch neitinken fan it Nederlânsk-Germaansk yn de streek.
 
It noardelike part, om [[Calais]], Ardres, Audruicq (Ouderwijk) en benoardwesten [[Sint-Omaars]] stie bekend as Flaamsk-Arteezje en bleau it langst Nederlânsktalich, alteast oan de ein fan de [[Midsiuwen]] en ferspraat noch lang dernei. Nijsgjirrich is dat it Nederlânsk it [[Frysk]] yn dy tiid op deselde manier ferkrongen hat yn [[Hollân]].
 
Yn it gebiet komme net allinne Frankyske toponimen foar, lykas ''-inghem'' of ''-inghen'', dy't werom geane oant de tiid fan de [[Karolingen]], mar ek toponimen mei ''-hove'', lykas Polincove (Polinkhove), Ostove (Oosthove) of ''-kerke'', lykas Zutkerque (Zuidkerke), Nortkerque (Noordkerke), dy't werom gean ta it grutte oanmeitsjen fan it lân yn de [[Tolfde iuw|tolfde]] en [[trettjinde iuw]].
 
Mear nei it suden ta, om [[Terwaan]] hinne, dêr't earst ek [[Aldnederlânsk]] praten waard, hat de romanisearring earder plakfûn. Dêr binne noch in soad toponimen mei Germaanske útgongen ''-inhem'' (Matringhem) en ''-hem'' (Dohem, Westrehem), of [[Galloromaansk]]e toponimen mei Germaanske oerbliuwsels deryn, sa as bygelyks plaknammen mei ''-ecq(ues), dy't werom geane op ''-acum'', dy'tyn in Romaanske klankûntjouwing oars op ''-ai'' of ''-igny'' einige hawwe soene. (Ecquedecques, Coyecques).
 
Guon âlde Germaanske plaknammen hawwe in ([[Angelsaksyske talen|Angel]])[[saksysk]] skaaimerk en dogge oan Ingelske plaknammen tinken, benammen plaknammen mei ''-incthun'' en ''-thun'' (Audincthun, Landrethun), ferlike mei Ingelske plaknammen mei ''-ton'' en ''-ingdon'', lykas [[Brighton]]. Dat komt troch it Angelsaksyske ferfarren yn de [[Fyfde iuw|fyfde]] en [[sechsde iuw]], mei as mulpunt de ferdwûne hannelstêd [[Quentowic]], dy't yn de [[njoggende iuw]] troch de [[Noarmannen]] plondere waard en dêrnei opheft waard, oan de rivier de [[Canche]] by [[Montreuil]] (Monsterole)
 
De hannelskontakten mei it noarden bleaune nei it ferfrânskjen fan it gebiet bestean en dus bleau der in Flaamske ynfloed bestean. Ferskate plaknammen hawwe in Flaamske fariant, dy't earder al as net faak foarkaam, sa as bygelyks ''Kales'' (Calais), ''Bonen'' of ''Beunen'' (Boulogne), ''Zandgate'' (Sangatte), ''Witzande'' (Wissant), ''Hosden'' (Houdain), ''Kaap Blankenes'' (Cap Blanc-Nez) en ''Kaap Zwartenes'' (Cap Gris-Nez).
 
 
[[Kategory:Arteezje]]
[[Kategory:Opper-Frankryk]]
[[Kategory:Histoaryske regio fan Frankryk]]
[[Kategory:Kulturele regio yn Frankryk]]