Arteezje (regio): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 22:
== Eardere taaltastân ==
[[Ofbyld:Picquendal.JPG|thumb|Plaknamme Picquendal (''Pikkendal'') mei in Germaansk-Nederlânske oarsprong]]
It gebiet fan Arteezje lei sûnt it neigean fan it [[Romeinske Ryk]] yn it oergongsgebiet fan [[Germaansk]]- en [[Romaansk]]taligen, mei in sterke [[Franken|Frankyske]] en [[Saksen (folk)|Saksyske]] oanwêzigens yn it noarden, dêr't letter de [[Nederlânsk]]e en [[Flaamsk]]e dialekten harren ûntwikkelen, en in Romaansktalige yn it suden, dêr't [[Pikardysk]]e en [[Frânsk]]e dialekten harren ûntjoegen. ItgebietIt gebiet mei Germaanske dialekten rûn eartiids fierder nei it westen yn it eardere [[greefskip Boulogne]]. Al rillegau wie der sprake fan romanisaasje fan it suden nei it noarden, foar't de streek noch troch Frankryk anneksearre waard en hast folslein op it Frânsk oergien wie. Yn [[Frânsk-Flaanderen]] bleau men lykwols wol Nederlânsk praten. Plaknammen[[Plaknamme]]n en oare [[toponimen]] jouwe noch neitinken fan it Nederlânsk-Germaansk yn de streek.
 
It noardelike part, om [[Calais]], Ardres, Audruicq (Ouderwijk) en benoardwesten [[Sint-Omaars]] stie bekend as Flaamsk-Arteezje en bleau it langst Nederlânsktalich, alteast oan de ein fan de [[Midsiuwen]] en ferspraat noch lang dernei. Nijsgjirrich is dat it Nederlânsk it [[Frysk]] yn dy tiid op deselde manier ferkrongen hat yn [[Hollân]].