Arteezje (regio): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Geology: it is Ingelsk
Rigel 13:
== Skiednis ==
{{Apart|Greefskip Arteezje}}
It gebiet waard oarspronklik bewenne troch de [[Atrebaten]], in [[Galje|Gallyske]] stamme, dy't ta de ''[[Belgae]]'' hearden. [[Julius Caesar]] ûnderwerpteûnderwurp harren yn [[52 f.Kr.]]. Under de [[Karolingen]] waard it gebiet in [[goa]] (''pagus Atrebatensis'').
 
Oarspronklik wie it in eigen greefskip, doe't it anneksearre waard troch it greefskip Flaanderen. It kaam yn 1180 ta Frankryk as in breidskat fan in Flaamske prinsesse, Isabella fan Henegouwen, en it waard yn 1237 wer in eigen greefskip foar Robert, de beppesizzer fan Isabella. Troch erfenis kaam Arteezje yn 1384 ûnder de hearskip fan de hartoggen fan Boergonje. Nei de dea fan hartoch Karel de Stoute yn 1477 waard Arteezje urven troch de Habsburgers en kaam letter ûnder de Spaanske Habsburgers. Nei de protestantske revolúsjes yn de Nederlannen, sleat Arteezje him oan by de [[Nederlânske Opstân]] yn 1576 mei de [[Pasifikaasje fan Gint]]. Yn 1579 it foarme de [[Uny fan Arras]].<br>
Nei de Uny foarmen Arteezje en Henegouwen in eigen oerienkomst mei Filips II fan Spanje. Arteezje bleau in part fan de [[Spaanske Nederlannen]] oant it troch de Frânsken anneksearre waard yn de [[Tritichjierrige Kriich]] en dat waard erkend by de [[Frede fan de Pyreneeën]] yn 1659. It grutste part fan Arteezje wie al Frânsktalich, mar it wie part fan de [[Súdlike Nederlannen]] oant de Frânske anneksaasje.
 
It waard doe in Frânske provinsje en Arras bleau de haadstêd. Nei de [[Frânske Revolúsje]] waard Arteezje bas in bestjoerlike ienheid opheft en waard it part fan it departemint Pas-de-Calais.