Monumenta Germaniae Historica: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L tink?
Rigel 3:
 
== Skiednis ==
De MGH waard yn [[1819]] troch de [[Prusen|Prusyske]] herfoarmer [[Heinrich Karl Freiherr vom Stein]] yn [[Hannover]] stifte, en it earste ienhâldynhâld waard yn [[1826]] útjûn. De redakteur fan 1826 oant [[1874]] wie [[Georg Henrich Pertz]], dy't wer opfolge waard troch [[Georg Waitz]]. In soad foaroansteande kundigen fan de [[Midsiuwen]] út Dútslân en by eintsjebeslút ek út oare lannen, hawwe harren by it projekt oansletten, dêryn't manuskripten útsocht en ferlike waarden, en útsochte útjeften útjûn. It biedwurd dat keazen waard, wie: ''Sanctus amor patriae dat animum'' ("Hillige leafde foar it heitelân jout de geast") lit sjen dat [[Romantyk]] en [[nasjonalisme]] as grûnwurk steane fan it ynstitút dat as boechbyld tsjinne foar it Dútske wittenskiplik skiedskriuwen.
 
De samlingen besteane út fiif haadstikken: ''Antiquates'', ''Diplomata'', ''Epistolae'', ''Leges'', ''Scriptores'', en ek ''Necrologia''. Der waarden noch in stikmannige stypjende searjes útbrocht, mei ynbegrepen in searje mei kompakt ynhâld foar it skoalgebrûk (''Scriptores rerum Germanicum in usum scholarum separatim editi'') en spesjale ûndersiken (MGH-skriften).