Lichte kruser: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
+ ús De Ruyter
Rigel 1:
[[File:HMS_Belfast_1_db.jpg|right|thumb|250px|De [[Grut-Brittanje|Britske]] [[HMS Belfast (C35)|HMS ''Belfast'']], no in [[museum]]skip op 'e [[Teems]] yn [[Londen]].]]
[[File:Dia 172V3.jpg|thumb|250px|De ''Almirante Grau'' ferlit de haven fan [[Willemstêd (Kurasau)]]]] op wei nei Perû (1973)]]
In '''lichte kruser''' is in lyts oant middelgrut type [[oarlochsskip]]. De beneaming is fan oarsprong in [[ôfkoarting|ferkoarte foarm]] fan "lichtbepânsere [[kruser]]", wêrmei't in soarte [[skip]] beskreaun waard dat de swiere bepânsering fan 'e saneamde [[swiere kruser]]s miste.
 
Line 6 ⟶ 7:
Yn 'e [[Twadde Wrâldoarloch]] waarden lichte krusers benammen ynset as flugge(re) better manûvrearbere eskorteskippen, dy't de folle gruttere [[fleandekskip]]pen en [[slachskip]]pen, en ek [[konfoai]]en [[keapfardijskip]]pen, beskermje moasten tsjin [[bombardemint|loftoanfallen]]. Nei ôfrin fan 'e oarloch rekken earst slachskippen en [[slachkruser]]s, doe swiere krusers en úteinlik ek lichte krusers efterhelle, mei't troch modernere [[technology]] en mear avansearre [[wapen]]systemen al harren taken útfierd wurde koene troch lytsere (en dus goedkeapere) marineskippen, lykas [[torpedoboatjager]]s en [[fregat]]ten.
 
De iennichste lichte kruser dy't anno [[2018]] noch yn aktive tsjinst is, is de [[BAP Almirante Grau|BAP ''Almirante Grau'']] (dat is de eardere Nederlânske [[Hr.Ms. De Ruyter (1953)|Hr.Ms. De Ruyter]] út 1953) fan 'e [[Perûviaanske Marine]]. Fjouwer oare lichte krusers binne beholden bleaun as [[museum]]skippen. Dat binne: de [[HMS Belfast (C35)|HMS ''Belfast'']] yn [[Londen]], de [[HMS Caroline (skip út 1914)|HMS ''Caroline'']] yn [[Belfast]], de [[USS Little Rock (CL-92)|USS ''Little Rock'']] yn [[Buffalo (New York)]], en de [[kruser fan de Sverlov-klasse|''Michail Kûtûzov'']] yn [[Novorossijsk]].
 
==Sjoch ek==