Tentoanstelling: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L red
 
Rigel 1:
[[File:Tate.modern.interior.london.arp.jpg|right|thumb|250px|De tentoanstelling fan [[keunst]]objekten yn in [[museum]].]]
 
In '''tentoanstelling''' of '''útstalling '''is in gelegenheid wêrby't ien of mear [[minske|persoanen]] of [[organisaasje]]s beskate foarwerpen sjen litte op in folslein of beheind iepenbier tagonklike lokaasje oan in publyk besteande út partikulieren of fertsjintwurdigers fan [[bedriuw]]en. Oare nammen foar in tentoanstelling binne '''eksposysje''' (fan it [[Latyn]]ske ''expositio'' fia it [[Aldfrânsk]]e ''esposicion'', "oanbieding"), '''''expo''''' (in ferkoarting fan 'eksposysje', ek brûkt foar [[fakbeurzen]]) en '''ekshibysje''' (fan it Latynske ''exhibitus'', "ik lit sjen"). De saken dy't by tentoanstellings ter besichtiging oanbean wurde, binne yn 'e regel [[keunst]]objekten ([[skilderij]]en, [[byldhouwurk]]en, [[foto's]], ensfh.) of foarwerpen fan [[skiednis|histoaryske]] wearde, mar kinne ek mear [[kommersje]]el rjochte wêze, lykas op [[fakbeurs|fak]]- en [[hannelsbeurs|hannelsbeurzen]]. In [[dieretún]] soe ek as in tentoanstelling beskôge wurde kinne, te witten fan libbene [[bist]]en.