Doarestêd: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 14:
De haven fan Doarestêd wie boud mei in pear kaaien yn de Ryn. De rin fan de rivier feroare lykwols stadichoan, sadat de rivier hieltyd fierder fan de stêd ôf kaam te lizzen. Foar it behâld fan oansluting op de rivier wie in fergrutsjen fan de kaaien nedich.
 
== Bloeitiid en Muntslachmuntslach ==
De stêd wie wiidferneamd troch de eigen munt dy't der slein waard. Om-ende-by [[640]] hat der in muntmaster mei de namme [[Madelinus]] oan it wurk west. Oant likernôch [[690]] waarden der gouden munten slein, dêrnei in protte sulveren [[skeatta]]'s. <ref>D.J. Henstra, blzs. 48</ref><ref>G.M. de Meyer en C.F.M. Koch, blzs. 7</ref> De skeatta út Doarestêd hawwe in aardich skoftsje lang as in wichtich betelmiddel jilden, en koe der mei betelle wurden yn West- en Noard-Jeropa. Yn it [[Karolingen|Karolingyske]] tiidrek waarden yn Doarestêd munten slein mei it opskrift fan [[Pippyn de Koarte]], [[Karel de Grutte]] en [[Loadewyk de Fromme]].<ref>H. Enno van Gelder (1978), ''Munten'', yn: Spiegel Historiael, siden 302-304</ref> Muntjild dat yn Doarestêd slein is, is oant yn Ruslân weromfûn. In oarkonde fan Karel de Grutte út 777 stiet opskreaun dat er yn Doarestêd ouwerbelêsting (ripaticum) heven waard.
 
Yn [[695]] fersloegen de Franken ûnder lieding fan kening [[Pippyn II]] de Friezen yn de slach by it 'castrum' Dorestêd. De stêd kaam yn Frankyske hannen en bleau dat oant [[715]] doe it wer Frysk waard, mar trije jierren letter mei de dea fan kening [[Redbad]] wiksele iter wer opnij fan eigener, diskear foarfêst.
 
Mei troch de beskerming fan Karel de Grutte en de biskoppen groeide Doarestêd yn de 8e en 9e iuw út ta in stêd mei 3000 ynwenners. As fergeliking: Yn de stêd Utert wennen doe sa'n 400 minsken. De bou fan de stêd wie alhiel ôfstimd op de hannel, sa'n 3,5 kilometer fan de Kromme Ryn wie beboud en fan steigers foarsjoen. Yn 800 is de stêd op syn rykst. It is dan oerslachplak fan tusken Noard- en Súd-Europa. Glês út Feneetsje giet oer Doarestêd nei Skandinaavje en hout krekt oarsom. Trochdat Doarestêd destiids in rike stêd wie, kaam der ek omtinken fan de [[Wytsingen]] ([[Gottfried (Fryslân)]] bygelyks) dy't de stêd geregeld plonderen, û.o. yn [[834]], [[835]], [[844]], [[857]] en [[873]]. It ferhaal dat de Wytsingen it plak platbaarnden is net wis. Ynstee fan de melkko te slachtsjen kamen se alle jierren werom foar in lytse rôverij. It hannelsplak wie ommers min te ferdigenjen. Neffens wittenskippers wienen der by de oanfal yn 834 op Doarestêd likernôch 7000 Wytsingen belutsen.