Darius III: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
 
Rigel 1:
[[Ofbyld:Darius III.jpg|right|thumb|Darius Kodomannus.]]
'''Darius III''' of '''Darius Kodomannus''' wie de lêste kening fan it [[Perzyske Ryk]] út de dynasty fan de [[AchémenidenAchaimeniden]]. Hy hearske fan [[336 f.Kr.]] oant [[330 f.Kr.]] en syn hiele regear hat sawat allinnich yn it teken stien fan de striid tsjin [[Aleksander de Grutte]].
 
== Skiednis ==
Darius waard berne yn de wichtige famylje fan de AchaemenidenAchaimeniden. Hy wie in neibern fan de eardere kening [[Darius II]]. Yn [[336 f.Kr.]] waard er troch tadwaan fan [[Bagoas]], in tige ynfloedryk persoan op de troan set. Mei deselde Bagoas krige hy it fuort oan de stôk, doe't er syn eigen koers farre woe. Der ûntstie in striid om de macht dy't troch Darius wûn waard.
 
Yn [[334 f.Kr.]] rekke it Perzyske ryk yn oarloch mei de Griken doe't Aleksander de Grutte mei in leger fan om-ende-by 35.000 man oer de [[Hellespont]] Perzje ynloek. Neffens it Perzyske leger wie dat mar in lyts leger en Darius wie fan betinken dat er gjin partij hawwe soe oan de Griken. Dochs waard elts treffen wûn troch de Griken en de hiele kust fan [[Turkije]] kaam yn harren besit. Om in ein te meitsjen oan de Grykske driging brocht Darius in geweldich leger byelkoar en loek op tsjin Aleksander. Hy wachte de Griken op by [[Slach by Gaugamela|Gaugamela]] oan de [[Tigris]]. Sa gau as de Griken harren op de Perzyske massa stoarten, ferlear Darius lykwols syn selsbehearsking en flechte fuort, wylst syn leger sûnder oanfierder folslein útinoar slein waard. Tsjin de ferhâldings yn waard de slach troch de Griken wûn.
Rigel 11:
 
[[Kategory:Kening fan Perzje]]
[[Kategory:Achaimenidyske dynasty]]
[[Kategory:Persoan berne yn 380 f.Kr.]]
[[Kategory:Persoan stoarn yn 330 f.Kr.]]