Roel Sluiter: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
by de tiid brocht
Rigel 33:
Nei't er in oplieding oan 'e [[kweekskoalle]] ôfrûne hie, studearre Sluiter [[skiednis]] oan 'e [[Ryksuniversiteit Grins]]. Fan [[1981]] oant [[1994]] wied er learaar yn 'e fakken skiednis en maatskippijlear oan 'e Stedske Skoallemienskip yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. Dêrnei wied er oant [[2000]] ôfdielingsdirekteur fan Aldlân by de Iepenbiere Skoallemienskip "De Delta", en doe (nei in fúzje en reorganisaasje) oant [[2001]] adjunkt-direkteur fan 'e [[Piter Jelles (skoallemienskip)|skoallemienksip "Piter Jelles"]].
 
Yn syn studintetiid wie Sluiter aktyf binnen de [[kommunisme|kommunistyske]] [[CPN]], en ek nei't er yn [[1984]] nei Ljouwert ferhuze wie, hold er dy bannen noch ferskate jierren oan. Om [[1990]] hinne sleat er him lykwols oan by de [[PvdA]], en fan [[1994]] oant [[2001]] siet er foar dy partij yn 'e Ljouwerter gemeenterie. Ein 2001 folge er syn ôftreden partijgenoate [[Hermien de Haan]] op as [[wethâlder]]. Yn [[2010]] kearde er yn 'e funksje fan beliedsadviseur werom by syn âlde wurkjouwer, skoallemienskip "Piter Jelles", mar dy betrekking wie lykwols mar fan koarte doer, mei't Sluiter begjin [[2012]] beneamd waard ta [[waarnimmend boargemaster]] fan [[Harns (stêd)|Harns]], as opfolger fan [[Paul Scheffer]]. Harns keas doe foar in waarnimmend boargemaster mei it each op 'e mooglike gemeentlike weryndieling, mar yn [[2014]] waard dúdlik dat Harns foarearst net yn in gruttere gemeente opgean sil. Dêrom droech de gemeenterie Sluiter op [[4 maart]] [[2015]] foar foar it "gewoane" [[boargemaster]]skip fan 'e havenstêd. Nei ferwachting sil er einYn [[maaie]] [[2015]] waard er dêr as sadanich ynstallearre wurde.
 
{{boarnen|boarnefernijing=