Sicco Mansholt: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L en noch in pear
Rigel 17:
 
== Jeropeeske Kommisje ==
Yn 1958 waard Mansholt ien fan de kommissarissen fan de krekt oprjochte [[Jeropeeske Kommisje]] en arbeide hy as lânboukommissaris oan de modernisearing fan de Jeropeeske lânbou. Mansholt wie de geastlike heit fan it [[MienskiplikMiene lânboubeliedLânboubelied]]. Subsidiëaring fan de lânbou wie foar Mansholt in oplossing foar it tradysjonele [[sosjalisme|sosjalistyske]] fraachstik ta hokker sosjale klasse de agraryske befolking heard (de [[Agrarfrage]]). De subsydzjes soene fan boeren arbeiders meitsje, miende Mansholt, omdat se in fêst ynkommen hawwe soenen; sa soenen hja meidwaan kinne oan dielen fan de boargerlike kultuer dy't foar arbeiders iepen stie, bygelyks fakânsjes.
 
As lânboukommissaris wie Mansholt de sintrale figuer yn Brussel. Fan syn tredde en lêste kommisje (1968 - 1973) wie er ek fice-foarsitter. Doe't foarsitter Malfatti yn [[1972]] ôfgie om gadingmakker te wurden foar it Italjaanske kabinet, waard er 7 moannen lang foarsitter fan de Jeropeeske Kommisje.