Eli Asser: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Ellywa (oerlis | bydragen)
verwijderd. Werkte bij de postkamer. Er kan gemakkelijk verwarring ontstaan met Asscher. Postkamer is niet relevant.
oanf. fan nl:
Rigel 5:
Asser wie de jongste soan fan [[Isaäc Asser]] (1883-1942), in merkkeapman dy't skearmeskes ferkocht en syn twadde frou [[Johanna van West]] (1892-1942). Heit Asser hie út syn earste houlik mei Esther Kreveld (1892-1943) al in soan. Nei Eli kaam der noch in dochter. Assers heit, syn mem, de earste frou fan syn heit en syn broer en suster kamen om yn de [[ferneatigingskamp]]en.
 
Asser gie op foarspraak fan in ûnderwizer nei it Barlaeus Gymnasium, dêr't er yn'e kunde kaam mei de lettere skriuwer [[Willem Frederik Hermans]]. Nei't er tn 1941 cum laude foar syn eineksamen slagge wie woe er rjochten studearje, mar om reden fan syn joadskwêzen waard him de tagong ta de universiteit ûntsein.<br>
Yn de [[Twadde Wrâldkriich]] hie er earst in skoft in baantsje op de postkeamer fan de [[Joadske Ried]]. Letter wurke er as learling-[[ferpleger]] yn de Joadske psychiatryske ynrjochting [[Het Apeldoornsche Bosch]]. Op de jûn foar't alle pasjinten troch de besetter fuorthelle waarden, begjin [[1943]], dûkte Asser tegearre mei syn freondinne ûnder.<ref>[http://www.4en5mei.nl/oorlogsmonumenten/getuigenverhalen/vervolgden/getuigenverhaal-detail/_rp_kolom2_1_elementId/1_259977 ''Ze zouden een krankzinnigengesticht toch niet naar Polen verplaatsen?''] Oorlogsmonumenten.nl</ref> Letter soe er syn ûnderfinings ferwurkje yn it toanielstik ''Aan de vooravond''. Asser siet dêrnei in skoft ûnderdûkt by in in boer in [[Fryslân]].
 
==Wurkpaad==