Wopke Harmens de Vries: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
No edit summary
 
Rigel 19:
| webside = gjin
}}
'''Wopke Harmens de Vries''' ([[Ikkerwâld]], [[Dantumadiel]] [[12 maaie]] [[1821]] - [[Kûkherne]], [[2 augustus]] [[1893]]) wie wûnderdokter út Kûkherne. Hy wie bekend as '''Grutte Wopke'''. Hy waard faak rieplachte by syktessykten dy't troch [[tsjoenderij]] feroarsake wêze soene; it folk neamde dizze singulieresingeliere man dêrom ek duvelbanner. Oant fier yn de 20e iuw giene der in protte ferhalen oer him.
 
== Biografy ==
Rigel 26:
Wopkes heit wie [[hûsfeint]] en [[koetsier]] by dokter (''Medicinae Doctor'') Petrus H. Feenstra dy't op it slot ''[[Jagtlust (Kûkherne)|Jagtlust]]'' yn Kûkherne wenne. At dokter it fjild yngie om genêskrêftige krûden en woartels te sykjen, naam er heit Harmen, en letter ek de jonge Wopke wol mei as 'assistint'. Sadwaande krige Wopke kennis fan de genêskrêft fan de ferskate planten. Dy kennis brûkte er ynearsten foar it better meitsjen fan [[fee]], mar doe't dokter Feenstra yn 1852 kaam te ferstjerren en der gjin nije dokter yn Kûkherne kaam, begûn Wopke sels in medyske praktyk yn syn hûs oan de Swemmer. Hy wie doe 32 jier. Fan dokter Feenstra urf er ferskate medyske hânboeken.
 
Fan fier en hein kamen de minsken foar advys en genêzing nei Wopke de Vries, ek begoedige lju. Ut de ferhalen docht bliken dat Wopke ek in goed minskekenner wie en saaklik ynsjoch him net fjemdfrjemd wie.
 
Wopke de Vries stoar yn de âldens fan 72 jier en kaam te hôf by de [[Jehannestsjerke (Feanwâlden)|tsjerke fan Feanwâlden]]. Syn frou wie al weirekke yn 1869. Harren dochter Minke (* 1865) sette de praktyk fan har heit op beskieden wize fuort.