Bankberôving: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L red
Rigel 1:
[[File:Bonnieclyde f.jpg|right|thumb|180px|[[Bonnie Parker]] en [[Clyde Barrow]] binne guon fan 'e bekendste bankrôvers út 'e skiednis.]]
In '''bankberôving''' of '''bankrôverij''', soms ek '''bankrôf''' neamd, is in gefal fan [[dieverij]] wêrby't stellen wurdt fan in [[bank (finansjele ynstelling)|bank]]. It is oeral op 'e wrâld in [[misdriuw]], dêr't almeast swiere [[finzenisstraf]]fen op steane. [[Histoarysk]] waarden bankberôvings útfierd troch ien of mear '''bankrôver'''s, dy't faak [[masker]]e wiene om werkenning foar te kommen. Sokken krongen it bankgebou binnen en twongen de bankemployees ûnder [[bedriging (misdriuw)|bedriging]] mei [[geweld]] of troch it eigentlike gebrûk fan geweld om it [[jild]] oer te langjen dat it oangeande bankfiliaal yn kas hie. In oare foarm fan bankberôving dy't histoarysk wol foarkaam, wie troch nei [[kantoartiden|slutingstiid]] in bankgebou yn te kringen troch it gebrûk fan [[springstof]] of troch út in oanbuorjend [[gebou]] wei in [[tunnel]] te graven. By alle metoaden wie it de bedoeling fan 'e bankrôvers om út te piken mei de bút ear't de [[plysje]] arrivearre. Soms slagge dat net, en dan waarden bankpersoniel en tafallich oanwêzige [[klant]]en gauris yn [[gizeling (misdriuw)|gizeling]] nommen om in frije ôftocht ôf te twingen. Tsjintwurdich hawwe de measte banken safolle [[befeiliging]]smaatregels nommen dat sokke berôvings mar amper mear kâns fan slagjen meitsje. Ynstee is no [[elektroanyske bankberôving]] in grutter probleem.
 
==Skiednis==