It Súd: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
foto
No edit summary
Rigel 1:
[[File:It Súd.jpg|thumb|It Súd oan de dyk fan Drachten nei [[Beetstersweach]]]]
'''It Súd''' is in fjildnamme een delsettingbuorskip oan de súdkant fan [[Drachten]] by [[Olterterp]] yn de gemeente [[Smellingerlân]]. De namme komt ek foar as ''Zuidereind'' en '' 't Zuyd End''.
 
== Skiednis ==
De buorskip ûntstie yn de 17e iuw. Om 1700 komt er foar as ''t Zuyd End'', yn 1776 as ''Het Zuid'', yn 1843 as '''t Zuidend'' en yn 1853 as ''Zuidereind''. Yn de 18e iuw wie it Suderein in dearinnend paad en in iuw letter in dearinnende wei. Yn 1854 waard de wei trochlutsen nei [[Beetstersweach]] en waard er part fan de wei fan Drachten oer de [[Gordyk]] nei [[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]].
 
De buorskip krige doe in [[tolhûs]]. Der waard oant 1929 tol heft. Yn 1887 waard der in [[tram]]spoar njonken de dyk oanlein, part fan de tramwei fan Drachten nei It Hearrenfean. De tram ried oant koart nei de [[Twadde Wrâldoarloch]]. Yn 1942 waard de wei dêr't de buorskip oan leit omneamd fan ''Zuidereind'' nei ''Het Zuid'', It Súd.
 
It Súd hat ûnder mear in túnsintrum en it hospice Smelnehaven.
 
== Sjoch ek ==