Fûgelfrij (liet): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Side makke mei "''''''Fûgelfrij'''''' is in Frysk liet fan Three-ality út 2002. De tekst fan Ekie Hoeksma waard op muzyk setten troch Rody Matthijs. De song waard útfierd troch Flat..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 4 jan 2020 om 12.27

'Fûgelfrij' is in Frysk liet fan Three-ality út 2002.

De tekst fan Ekie Hoeksma waard op muzyk setten troch Rody Matthijs. De song waard útfierd troch Flat Out, letter omdoopt ta Three-ality. Yn it liet wurdt de ûntstiene frijheid besongen nei it ferbrekken fan in relaasje. Fûgelfrij wûn foar de earste priis fan de faksjuery en de publykspriis fan it Fryske Sjongfestival Liet 2002. [1] Dêrnei wûn Three-ality de earste priis op it Streek Songfestival yn Hengelo.[2] Yn 2002 ferskynde it nûmer as single. Sjonger Syb van der Ploeg fan De Kast krige it earste eksimplaar. Hy wurke mei oan de single.[3] It nûmer kaam yn 2002 binnen op it tsiende plak fan de Fryske Top 100.

Te hearren op

CD
  • 't Minne (2009)[4]
  • Fûgelfrij (2002)

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: