Ferskil tusken ferzjes fan "Kodiak (eilân)"

12 bytes grutter ,  4 moannen lyn
Kodiakislandmap.png ferfange troch Kodiak_Island_map_in_Alaska.png (troch CommonsDelinker om't: File renamed: Criterion 4 (harmonizing names
(Kodiakislandmap.png ferfange troch Kodiak_Island_map_in_Alaska.png (troch CommonsDelinker om't: File renamed: Criterion 4 (harmonizing names)
 
==Geografy==
Kodiak is in eilân dat diel útmakket fan 'e gruttere [[Kodiakarsjipel]], dy't foar de [[kust]] fan [[Súdwest-Alaska]] yn 'e [[Golf fan Alaska]] leit. It is it grutste eilân fan dy [[arsjipel]], it op ien nei grutste eilân fan 'e [[Feriene Steaten]] en it op tachtich nei grutste eilân fan 'e wrâld. Kodiak wurdt fan it [[fêstelân]] fan [[Alaska]] skaat troch in likernôch 50 [[km]] brede [[seestrjitte]], de [[Shelikofstrjitte]]. It eilân hat in [[oerflak]] fan 9.311,2 [[km²]], wêrmei't it justjes grutter is as [[Syprus]]. It mjit 160 km fan [[súdwest]] nei [[noardeast]] en fariëarret yn breedte fan 16 oant 97 km fan [[súdeast]] nei [[noardwest]].
[[File:KodiakislandmapKodiak Island map in Alaska.png|left|thumb|250px|In [[lânkaart]] fan 'e [[Kodiakarsjipel]].]]
 
Kodiak hat in rûge, [[rots]]ige [[kust]]line dy't oan alle kanten ynkurven is troch djippe [[fjord]]en. It eilân is [[berch]]eftich en oan 'e [[noard]]- en [[east]]kant ticht begroeid mei [[mingd wâld|mingd]] [[tuskenbeiden reinwâld]], mar oan 'e [[súd]]kant binne der suver hielendal gjin [[beam]]men. It heechste punt op it eilân is [[Koniag Peak]], mei in hichte fan 1.362 [[meter|m]]. It súdwestlike twatrêde part fan Kodiak heart ta it [[Nasjonaal Natoergebiet Kodiak]]. Dêr binne hielendal gjin [[wegen]]. Op it eilân leit ek it [[Steatshistoarysk Park Fort Abercrombie]]. Fierwei it grutste plak op Kodiak is in [[stedsje]] dat ek fan [[Kodiak (Alaska)|Kodiak]] hjit. Op it eilân is de grutste basis fan 'e [[Amerikaanske Kustwacht]] fêstige, dy't bestiet út 'e [[Kustwachtbasis Kodiak]], it [[Kustwachtloftstasjon Kodiak]] en ferskate oare fasiliteiten.
3.000

bewurkings