De Lytse Prins: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Holder (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 58:
 
==Biltske oersetting==
Yn [[2019]] waard ''Le Petit Prince'' ek oerset yn it [[Biltsk]], mei as titel ''De Klaine Prîns''.<ref name="lc">{{Berjocht:Fuotnoat|{{Aut|Grosso, Maria del}}, ''Cabaretier verguld met Bildtse "Klaine Prîns"'', yn: de ''[[Ljouwerter Krante]]'', 20 novimber 2019, s. 27}}</ref><ref name="bp">{{Berjocht:Fuotnoat|[https://www.bildtsepost.nl/bildtsepost/nieuws/bildtse-klaine-prins-parel-in-kolleksy-van-muiswinkel {{Aut|Jong, Gerard de}}, ''Bildtse Klaine Prîns parel in kolleksy Van Muiswinkel'', yn: de ''Bildtse Post'', 21 novimber 2019]}}</ref> Dat barde op inisjatyf fan George Frankena, in Bilkert dy't om utens op [[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]] wenne. Dy seach dêr yn it [[Posthûs Teater]] in foarstelling fan [[kabaretier]] [[Erik van Muiswinkel]], wêryn't dyselde fertelde dat er in samler wie fan oersettings fan ''Le Petit Prince'' yn frjemde [[talen]] en [[dialekt]]en. Frankena frege him ôf oft it net tiid waard foar in Biltske oersetting, en skille mei dy fraach de oare deis fuort de [[Stichting Bildts Aigene]] op.<ref name="bp"/> Dêr waard it projekt daliks oppakt. Baukje Luinstra-Groeneveld en Jan de Groot setten it boekje oer, en yn Eddy van der Noord, fan 'e [[Grou (plak)|Grouster]] [[Utjouwerij Louise]], fûnen se in enthûsjast [[útjouwer]].<ref name="bp"/> Oars as de measte oersettings fan it wurk fan Saint-Exupéry, waard de Biltske oersetting net in lyts boekje, mar útjefte op [[A4-formaat]], sadat de [[yllustraasje]]s better ta har rjocht kamen.<ref name="bp"/> Op [[19&nbsp;novimber]] [[2019]] bea fertaalster Luinstra it earste eksimplaar fan ''De Klaine Prîns'' yn Ons Huis, de sit fan 'e Stichting Bildts Aigene yn [[Sint-Anne]], oan Erik van Muiswinkel oan, dy't der bot wiis mei wie.<ref name="lc"/><ref name="bp"/>
 
== Oare oersettings ==