Sealen Schaaf: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
refs oars
Holder (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 36:
| webside = [https://www.schaafcitytheater.nl/ www.schaafcitytheater.nl]
}}
'''Sealen Schaaf''' (offisjeel [[Nederlânsk]]: '''Zalen Schaaf'''), letter koartwei '''Schaaf''' en tsjintwurdich offisjeel '''Schaaf City Theater''', mar noch altyd it bekendst ûnder de âlde namme, is in [[sealesintrum]] en [[teäter]] oan 'e Breedstrjitte, yn 'e [[binnenstêd]] fan [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]].<ref name="neff">{{Berjocht:Fuotnoat|{{NEfF|2321}}}}</ref>
[[File:Zalen Schaaf, Ljouwert1.jpg|left|180px|thumb|Sealen Schaaf.]]
 
It âldste diel fan it sealesintrum waard yn [[1808]] boud troch [[stedstimmerman]] [[Gerrit van der Wielen]]. Dat died er yn 'e [[tún]] fan syn eigen [[hûs]] oan 'e Sakramintsstrjitte. It kaam doe bekend te stean as 'Seal Van der Wielen'.<ref name="neff"/> Neitiid waard it sealesintrum withoefolle kearen ferboud en útwreide. Yn [[1920]] kaam it yn eigendom fan [[Louis Schaaf]], wêrnei't it de namme fan 'Sealen Schaaf' droech.<ref name="neff"/>
 
Benammen fan 'e [[1950]]-er oant de [[1970]]-er jierren wie it ien fan 'e wichtichste [[útgeansgelegeheid|útgeansgelegenheden]] yn Ljouwert. Behalven foar [[muzyk]] en [[dûns]] waarden de [[seal (romte)|sealen]] ek brûkt foar [[toaniel]], [[bestjoer]]sgearkomsten, [[eksamen]]s en oare doelen.<ref name="neff"/> Fan [[1995]] oant [[2009]] wie it sealesintrum yn besit fan [[Frans van den Borg]] en [[Ton Klein]], dy't it as 'Muzyksintrum Schaaf' ekploitearren.<ref name="neff"/> Sûnt [[2009]] is it yn eigendom fan 'e [[Ljouwert (gemeente)|Gemeente Ljouwert]].<ref name="neff"/> De eksploitaasje wie oant ein [[2018]] yn 'e hannen fan Carel Nout, dy't yn it sealesintrum û.m. [[tribute band]]s optrede liet.<ref name="lc2018">{{Berjocht:Fuotnoat|——, ''Zalen Schaaf blijft open met nieuwe huurder'', yn: de ''[[Ljouwerter Krante]]'', 22 desimber 2018, s. 23}}</ref>
 
Yn [[2018]] wie der praat fan dat Sealen Schaaf oan 'e ein fan it jier definityf ticht gean soe, temear om't Ljouwert mei [[Neushoorn]] al in oar (en nijer) needlijend sealesintrum hat. Dêr sette in groep Ljouwerters it tsjin yn 'e kant. Hja rjochten de [[feriening]] Freonen fan Schaaf op, dy't mei it Ljouwerter gemeentebestjoer yn petear gie oer de takomst fan it sealesintrum.<ref name="lc2018"/> Utkomst wie dat Schaaf teminsten oant en mei [[31&nbsp;desimber]] [[2019]] iepenbliuwt. Freonen fan Schaaf fersoarget yn [[2019]] de programmearring, mei as foaroanman [[Bobby Veenstra]], dy't ek yn 'e organisaasje fan it [[muzykfestival]] [[Promised Land Festival|Promised Land]] sit.<ref name="lc2018"/>