Stifting Biltske Belangen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Holder (oerlis | bydragen)
No edit summary
 
Rigel 23:
| webside = [https://www.stichtingbildtsebelangen.nl/ www.stichtingbildtsebelangen.nl]
}}
De '''Stifting Biltske Belangen''' ([[Biltsk]] en offisjeel: ''Stichting Bildtse Belangen''), gauris [[ôfkoarte]] ta '''SBB''', is in [[stifting]] yn 'e [[Fryslân|Fryske]] [[lânstreek]] en eardere [[gemeente (bestjoer)|gemeente]] [[It&nbsp;Bilt]], dy't him taleit op it [[jild|finansjeel]] ûnderstypjen fan 'e [[leefberens]] yn dat gebiet.<ref name="fc">{{Berjocht:Fuotnoat|——, ''Bildtse Belangen 25 jaar suikeroompje 't Bildt'', yn: de ''[[Frjentsjerter Krante]]'', 9 oktober 2019, s. 9}}</ref> [[Kulturele]] [[organisaasje]]s, [[evenemint]]en en [[sport]]klubs kinne elts jier rekkenje op in finansjele bydrage fan dizze stifting.<ref name="fc"/>
 
==Skiednis==
Rigel 30:
Op [[freed]] [[27&nbsp;septimber]] [[2019]] waard by it 25-jierrich bestean fan 'e Stifting Biltske Belangen stilstien mei in [[gearkomste]] yn 'e [[Van Harenstsjerke]] yn [[Sint-Anne]].<ref name="fc"/> De presintaasje waard fersoarge troch de [[bruorren Anker]], wêrnei't de SBB ekstra skinkings die oan ferskate organisaasjes, wêrûnder de [[Stichting Bildts Aigene]], de [[feriening foar doarpsbelang|ferienings foar doarpsbelang]] fan [[Sint-Anne]], [[Sint-Jabik]], [[Froubuorren]], [[Aldebiltsyl]] en [[Nij Altena]], en de feriening foar streekbelang fan [[Westhoek|Easthoek en Westhoek]].<ref name="fc"/> [[Foarsitter]] Anne Vlaskamp besifere by dizze gelegenheid dat de SBB yn in fearnsiuw sa'n [[€]]2,5 miljoen weijûn hie.<ref name="fc"/>
 
Begjin [[oktober]] [[2019]] naam de Stifting Bildtse Belangen it [[gebou]] oan 'e Van Harenstrjitte 3 yn Sint-Anne yn besit, dat fuort njonken de Van Harenstsjerke stiet.<ref name="vwts">{{Berjocht:Fuotnoat|——, ''Nieuwe locatie Bildtse Belangen'', yn: ''[[van Wad tot Stad]]'', 8 oktober 2019, s. 13}}</ref> It pân út [[1929]] is boud op it plak dêr't earder it [[gritenij]]- en dêrnei it âlde [[gemeentehûs]] stie. SBB wie de fjirde brûker fan it gebou nei in partikulier, de [[ABN|ABN-bank]] en in [[abbekaat|abbekatepraktyk]].<ref name="vwts"/> It pân is ynsafier mei de [[skiednis]] fan 'e SBB ferbûn, dat de earste sittings fan 'e Bildtse Bank, de foargonger fan 'e SBB, yn it âlde gemeentehûs holden waarden.<ref name="vwts"/>
 
==Keppelings om utens==