Maatskippij fan de Nederlânske Letterkunde: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 6:
#it takennen fan prizen, nammentlik de [[Priis foar Masterskip]], de [[Lucy B. en C.W. van der Hoogtpriis|Lucy B. en C.W. van der Hoogt-priis]], de [[Dr. Wijnaendts Francken-priis]], de [[Henriette Roland Holst-priis]], de [[Henriëtte de Beaufort-priis]], de [[Kruyskamp-priis]], de [[Frans Kellendonk-priis]] en de [[C. Louis Leipoldt-priis]],
#it behearen fan har bibleteek (sûnt [[2 oktober]] [[1876]] ûnderbrocht yn de [[Leien|Leienske]] [[Universiteitsbibleteek Leien|universiteitsbibleteek]]).
[[File:MNL1970Maatschappij Nederlandse Letterkunde houdt discussie met kunstenaars in Koninkli, Bestanddeelnr 923-4234.jpg|thumb|300px|Gearkomst fan de MNL yn 1970. Efter de tafel f.l.n.r. [[Fernand Auwera]], [[Karel van het Reve]], [[Godfried Bomans]], [[Hella Haasse]], [[Hans Gomperts]], [[Harry Mulisch]], [[Willem Brandt]], [[Herman J. Claeys]], Eugène van Itterbeek]]
Alle jierren jout de MNL in jierboek út, dat neist wittenskiplike artikelen mei fan belang is fanwege de ''Levensberichten'' fan ferstoarne leden fan de MNL dy't der yn opnaam binne. De MNL stie yn [[1999]] oan de widze fan de [[Digitale Bibliotheek voor de Nederlandse Letteren]] (DBNL), in webside oer de Nederlânske taal en literatuer. De DBNL befettet literêre teksten, sekundêre literatuer en oanfoljende ynformaasje sa as biografyen, portretten en hyperlinks. De MNL hat in wittenskiplike en algemiene bibleteek ta har foldwaan (mei dêryn unike dielkolleksjes) fan mear as 100.000 drukte wurken dy't sûnt 1876 yn de foarm fan in brûklien foar lange tiid as apart en autonoom kolleksje-ûnderdiel yn de Leienske universiteitsbibleteek húsmannet.