Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke (foarhinne patriargaat Moskou): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "De '''Oekraynsk-Otterdokske Tsjerke (patriargaat Moskou)''' (Oekraynsk: Українська Православна Церква; Russysk: Украинская Право..."
 
U--->Oe, moat fan de FA
Rigel 1:
De '''Oekraynsk-Otterdokske Tsjerke (patriargaat Moskou)''' ([[Oekraynsk]]: Українська Православна Церква; [[Russysk]]: Украинская Православная Церковь) is in autonome tsjerkemienskip fan de [[Russysk-Otterdokske Tsjerke]] yn de [[Oekraïne]] mei it sintrum yn [[Kiëv]].
 
Yn 988 waard yn de [[Kiëvske Rûs]] de Otterdokske Tsjerke as diel fan it [[Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel]] stifte. Yn 1596 fûn der yn de oan [[Poalsk-Litouske Mienebest|Poalen-Litouwen]] fallende gebieten in skieding plak en ûntstie dêr de [[Gryksk-Katolike Tsjerke]]. Sûnt 1795 hearde it noardlike diel fan de Oekraïne by it [[Russyske Keizerryk]] en dêrmei by de [[Russysk-Otterdokske Tsjerke]]. Yn it stribjen nei mear autonomy ûnstie yn de jierren 1920 oan it ein yn 2018 de [[Autosefale UkraynskOekraynsk-Otterdokske Tsjerke]].
 
Under it [[Kommunisme|kommunistyske]] rezjym waarden alle tsjerken mei de gryksk-otterdokske ritus yn de [[Oekraynske Sosjalistyske Sovjetrepublyk]] ûnder it gesach fan it [[Eksargaat (tsjerke)|eksargaat]] fan de Russysk-Otterdokske Tsjerke set, ek de [[Eastersk-katolisisme|Uniearre Gryksk-Katolike Tsjerke]]. Yn maart 1946 waard troch in yn sêne setten synoade de [[Uny fan Brest]] út 1596 opsein.
 
Nei de ûnôfhinklikens fan de Ukraïne yn 1991 spjalte in diel fan de UkraynskeOekraynske geastlikheid him ôf fan it Moskouse patriargaat en neamden harren tsjerklike organisaasje de "[[UkraynskOekraynsk-Otterdokske Tsjerke (patriargaat Kiëv)|UkraynskOekraynsk-Otterdokske Tsjerke fan it Patriargaat fan Kiëv]]". De oan it patriargaat fan Moskou trouwe tsjerke hold in autonome status, is foar in grut part selstannich en hat allinne by it beneamen fan persoaniel mei Moskou te krijen. De oanhing fan de by it partriargaat fan Moskou oansletten tsjerken is benammen yn it easten fan it lân te finen.
 
Yn feite bestiene der yn de Oekraïne oant de fúzje fan de autosefalen mei de otterdoksken fan it patriargaat fan Kiëv yn 2018 trije grutte otterdokske tsjerken: dy fan it Moskouse patriagaat, dy fan it Kiëvske patriargaat en de autosefalen. Swierrichheden ûntstiene oer bygelyks de kanonike legitimiteit en oer de fraach oan wa't it ûnreplik guod lykas de tsjerken en kleasters takomme. Dêrnjonken is der ek noch ris striid mei de UkraynskOekraynsk-Katolike Tsjerke, dy't wol in byzantynske ritus folget, mar de paus fan [[Rome]] oan it haad hat.
 
De Oekraynske oerheid bemuoit him aktyf mei religieuze saken en set de oan Moskou loyale tsjerken yn it lân ûnder druk om harren oan te sluten by de nije Oekraynsk-Otterdokske Tsjerke. Doe't bekend waard dat it Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel de nije tsjerke erkenne soe, joech de Oekraynske oerheid de feilichheidstsjinsten opdracht om ynfallen te dwaan yn tsjerken dy't wegeren de bannen mei Moskou troch te snijen. Tsjerklike saken waarden yn beslach nommen en metropolyt Pavel fan it [[Kiëvske Petsjersk-lavra|Petsjersk-lavra]] liet witte dat der nei preesters en biskoppen ta sprake wie fan yntimidaasje.<ref>[https://krant.frieschdagblad.nl/titles/frieschdagblad/6510/publications/916/pages/8 Frysk Deiblêd, 07.12.2018, side 8 "Geloven"]</ref>