Ferskil tusken ferzjes fan "Ofslútdyk"

Ô --> O: yn it Frysk wurde gjin diakrityske tekens op haadletters skreaun.
(Ô --> O: yn it Frysk wurde gjin diakrityske tekens op haadletters skreaun.)
{{By de tiid}}
[[Ofbyld:Ofslútdyk.png|thumb|250px|''In satellytfoto fan de ÔfslútdykOfslútdyk'']]
[[Ofbyld:Ofslútdyk, 28 maaie 1932.jpg|thumb|250px|''It lêste gat wurdt sletten mei balstienliem'']]
De '''ÔfslútdykOfslútdyk''' is in dyk tusken it Noard-Hollânske [[De Oever]] en it Fryske [[Surch]]. De dyk skiedt sûnt [[1932]] it Waad ([[Waadsee|Waadsee)]] fan de [[Sudersee]], dy't fan dat stuit ôf de ‘[[Iselmar]]’ foarmet. De wetterkearing is 32 kilometer lang en sa'n 90 meter breed. De ÔfslútdykOfslútdyk is in part fan de [[Suderseewurken]], ûntwikkele troch [[Cornelis Lely]]. De namme ''ÔfslútdykOfslútdyk'' ferwiist nei de oarspronklike opset, wêrby't de hiele hjoeddeiske Iselmar ynpoldere wurde soe. Mar de ÔfslútdykOfslútdyk is in daam wurden yn stee fan in dyk, omdat er gjin lân en wetter skiedt, mar wetter keart.
 
Yn earste ynstânsje soe der ek in treinspoar op de ÔfslútdykOfslútdyk komme. Dêr wie ek rekkenskip mei holden, mar úteinlik is der gjin treinspoar op kaam, mar in ekstra brede autogongwei. Oan de noardkant, dy fan it Waad, leit ek in fytspaad. Der lizze útstellen om by it opheegjen fan de daam yn de takomst dochs noch in spoar oan te lizzen.
 
== Skiednis ==
Al yn de 17e iuw waarden de earste plannen makke foar in ôfslútdyk, mar yn dy tiid bleau it by plannen; der waard oannommen dat it drûchlizzen fan de binnensee technysk net útfierber wêze soe. Dat feroare earst yn yn [[1886]]. Dat jier waard de Suderseeferieniging oprjochte, dy’t ûndersykje woe of de Sudersee ek ynpoldere wurde koe. Yngenieur Cornelis Lely wie der ek lid fan en hy makke it plan foar it projekt. Yn [[1913]], doe’t Lely al minister fan Wettersteat wie, waard de ynpoldering yn it regearprogram opnommen. Yn dy tiid wiene der noch in protte protesten, mar nei de wettersneed fan [[1916]] wie de tiid ryp foar it projekt en twa jier letter gie it parlemint dan ek akkoart.
 
Yn juny [[1920]] gie it projekt fan start. Der waard begûn mei it oanlizzen fan de Amsteldjipdyk fan [[Noard-Hollân]] nei [[Wieringen]], dat yn dy tiid noch in eilân wie. Sân jier letter begûn de oanlis fan de ÔfslútdykOfslútdyk echt. Der waard besletten om by fjouwer plakken te begjinnen. Fan de beide kanten ôf, yn [[Fryslân]] en Noard-Hollân, en fan it wurkeilân [[Breesân (wurkeilân)|Breesân]] ôf.
 
Op [[28 maaie]] 1932, middeis om twa minuten oer ienen, fiif jier nei it begjin fan de bou, waard it lêste gat yn de ÔfslútdykOfslútdyk sletten. Fjouwer moanne letter, op [[20 septimber]] 1932, waard de namme fan de Sudersee offisjeel feroare yn de Iselmar. Noch ris in jier letter waard op [[25 septimber]] [[1933]] de dyk iepene foar it ferkear.
 
Yn de ÔfslútdykOfslútdyk sit krekt foar de Fryske kust in knik yn de dyk. Dy knik is ynboud om sa de útstream fan de Iselmar makliker te meitsjen. It slûzekompleks fan Koarnwertersân wetteret ôf op de skeane slinke fan de Middelgrûnen. It like de yngenieurs better om it slûzekompleks rjocht op de slinke te pleatsen, omdat it wetter dan yn in rjochte line fuort streamt.
 
Oer de hiele wrâld is der noch altiten in soad bewûndering foar it fakmanskip wêrmei't de ÔfslútdykOfslútdyk boud is. De dyk waard oanlein sûnder [[kompjûter]]s en oare avansearre apparaten. De bou fan dy dyk befêstige de posysje fan [[Nederlân]] yn de wetterboukunde.
[[Ofbyld:Afsluitdijk met standbeeld Lely.jpg|400px|border|thumb|''De fslútdyk aan de kant fan Noard-Hollân, mei it stânbyld fan Lely'']]
 
=== Twadde Wrâldoarloch ===
Oan it begjin fan de [[Twadde Wrâldkriich]], mei de [[Dútslân|Dútske]] oanfal op [[Nederlân]] yn [[maaie]] [[1940]], is der tige fûl fochten om de ÔfslútdykOfslútdyk en de skermutselingen binne letter ferneamd wurden ûnder de namme [[Slach om de Ofslútdyk|Slach om de Ôfslútdyk]]. De Dútsers hawwe út alle macht besocht om oer de ÔfslútdykOfslútdyk te kommen, mar dat is harren net slagge.
 
Yn it [[Kazemattemuseum]] by [[Koarnwertersân]] wurdt omtinken jûn oan dat barren.