Hunebêd: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
poep
Lebels: Ferfongen blanking Fisuële bewurking
L Bewurkings fan "92.69.47.165" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "PiefPafPier".
Lebel: Weromdraaiïng
Rigel 1:
In '''hunebêd''' of '''dolmen''' is in megalityske ([[Gryksk]]: mega = grut, lithos = stien) stienkeamer út de [[prehistoarje]], troch minsken makke, dy't bestiet út steande ''draachstiennen'', oerdutsen troch platte ''dekstiennen''. Hunebêden en oare dêrmei te fergelykjen [[bouwurk|bousels]] binne yn hiel Noardwest-Jeropa fûn fan [[Portegal]] oant [[Denemark]] en yn Grut-Brittanje en Ierlân. Guons hawwe oan de binnenkant ynskripsjes of fersiersels dy't yn de stien beitele binne. Eartiids waarden hunebêden oerdutsen mei ierde sadat sy op hichten liken.
* Snap: @jefflapvelthuis
 
*Snap: @cbieleveld
==Hunebêden yn Nederlân==
Yn Nederlân binne noch 54 hunebêden, wêrfan't 52 yn de provinsje [[Drinte]]. De oare twa lizze yn de provinsje [[Grinslân]]. In skoft lang waard der tocht dat yn [[Gaasterlân]] yn Fryslân oerbliuwsels fûn wienen fan in hunebêd, mar út letter ûndersyk die bliken dat it om in saneamde [[stienkiste]] gie. Troch [[A.E. van Giffen]] waard yn de earste helte fan de [[20e iuw]] foar it earst strukturearre [[archeology|archeologysk]] ûndersyk dien en oer it hunebêd publisearre.
 
In soad hunebêden binne yn de rin fan de iuwen fernield, meidat de stiennen brûkt waarden as boumateriaal foar wegen en huzen. In goed foarbyld is de Grutte Tsjerke yn [[Emmen]] dêr't foar it fûnemint fan de toer stiennen fan hunebêden brûkt binne. Ek binne guon hunebêden ferwoaste troch [[religy|religieuze]] fanaten yn earder tiden, omdat sy se as [[heiden]]ske bouwurken beskôgen.
 
[[Ofbyld:Hunebed_004.jpg|right|thumb|none|250px|Hunebêd by [[Bronneger]]]]
Yn Borger flakby it grutste hunebêd fan Nederlân leit it [[Hunebêdsintrum]]. Yn dit museum , boud yn 2005, is allegear ynformaasje te finen oer de hunebêden.
 
==Skiednis==
De hunebêden binne boud yn de [[stientiid]], sawat 5000 jier lyn troch folken dy't oantsjutten wurde mei de sammelnamme [[Trachterbekerkultuer]]. Dy namme is ôflaat fan de foarm fan harren ierdewurk. Nei alle gedachten wiene dy wiidfersprate folken gjin homogeen gehiel. Oer de skiednis fan dit folk is amper wat bekend.
 
Wittenskippers tinke dat it hunebêd in [[prehistoarje|prehistoaryske]] grêfkeamer west hat, mar dat is lykwols net goed bewezen, omdat bonkerakken of resten fan minsken út dy tiid ûntbrekke. Dat soe komme kinne troch de tastân fan de boaiem: bonkerakken binne folslein fergien. Wol binne der grutte oantallen foarwerpen fûn yn sawat alle hunebêden. Dat lêste soe der op wize kinne dat de hunebêden wol wer brûkt waarden as begraafplak. Mooglik hienen hunebêden foar dy minsken in religieuze betsjutting en fungearre it as [[hillichdom]].
 
De stiennen dêr't de hunebêden mei boud binne komme út de Skandinavyske lannen ([[Noarwegen]] en [[Sweden]]). Se binne yn Nederlân bedarre yn de [[Iistiid]] troch it skowende lâniis. Doe't alle iis oan de ein fan de iistiid fuortteid wie bleaunen de meifierde stiennen achter.
 
==Megaliten==
Yn hiel Noardwest-Jeropa binne [[megalyt|megaliten]] fariearjend yn grutte fan inkele meters oant soms wol tweintich. Benammen yn [[Frankryk]] by [[Karnak]] en yn [[Ierlân]] en [[Grut-Brittanje]] komme se in soad foar, bygelyks [[Stonehenge]]. Har komôf is krekt as mei de hunebêden ûndúdlik en ek net wis dat dy troch minsken fan de trachterbekerkultuer oprjochte binne. Foar de bou fan de megaliten en de hunebêden binne lykwols deselde soarte fan stiennen brûkt.
 
==Literatuer==
* [[A.E. van Giffen]], ''De hunebedden in Nederland'' (1925)
* E. van Ginkel, S. Jager en W. van der Sanden, ''Hunebedden, Monumenten van een Steentijdcultuur'' (2005) 2e druk, Utjouwerij Uniepers, ISBN 90-6825-333-6
 
==Sjoch ek==
* [[List fan hunebêden yn Nederlân]]
* [[Stienkiste]]
 
==Keppeling omt utens==
* [http://www.hunebedden.nl/ In wiidweidich oersjoch mei foto's en beskriuwingen fan alle hunebêden yn Nederlân]
* [http://www.hunebedcentrum.nl/ Hûnedbedsintrum yn Borger]
* [http://www.stonepages.de/ Stonepages (hiel wiidweidich)]
* [http://members.chello.nl/r.j.triest/dolmens.html Hunebêdfoto's troch Robert Triest]
 
[[Kategory:Megalitysk monumint]]