De Reis fan de Wizen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 29:
 
==Ynhâld==
''De Reis fan de Wizen'' is skreaun yn it [[ik-perspektyf]] fanút it wrâldwurge [[fertelperspektyf|eachpunt]] fan ien fan 'e trije wizen. Eliot ferbyldet de wizen net as keningen, sa't se gauris foarsteld wurde, mar as [[tsjoender]]s. It allegeduerigen yn Eliot syn wurk weromkearende tema fan 'e ferfrjemding en machteleazens yn in wrâld dy't feroare is, oppenearret him ek hjir wer. De wize sjocht oan 'e ein fan syn libben werom op 'e reis nei Palestina, mar ynstee dat er him fernuveret oer de wûnders út dy tiid, of optein rekket om it doel fan 'e reis, is it gedicht fierhinne in nearzige jammerklacht oer de ûntbearings en ferfeling dêr't de wize ûnderweis ûndergean moast. De jonge Jezus wied er fierders net bot fan ûnder de yndruk, en lykwols beseft er dat de ynkarnaasje fan Gods soan op 'e ierde alles feroare hat. Jezus syn berte markearre de ein fan it tiidrek fan [[tsjoenderij]] en [[astrology]], en dêrmei fan it libbensdoel fan 'e wizen. De sprekker, waans wrâld sadwaande stoarn is, freget him ôf wat er sels noch moat te libjen. Tusken de regels fan it klaachlietkleiliet fan 'e wize troch brûkt Eliot symbolisme om foarút te wizen nei de takomst; sa sjoggen de wizen op harren reis op in stuit "trije beammen tsjin in lege loft", wat fansels op 'e [[krusiging]] fan Jezus slacht.
 
==Fryske oersetting==