Tagedienens: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
 
Rigel 1:
[[Ofbyld:DSCF8308 (35952812710).jpg|thumb|Tagedienens]]
'''Tagedienens''' of '''affeksje''' (fan it [[Latyn]]ske ''ad'' en ''facere'', "eat mei immen dwaan") is in [[gemoedstastân]] dy't fuortkomt út it erkenning skinken oan in oar. Hoewol't it yn 'e folksmûle as frijwol [[synonym]] brûkt wurdt mei [[freonskip]] of [[leafde]], is it eins eat dat de midden tusken dy beide begripen hâldt, mei't it sterker is as freonskip, mar swakker as leafde. It [[konsept]] 'tagedienens' is ûnderwerp fan ûndersyk foar ferskate tûken fan 'e [[filosofy]] en de [[psychology]], wêrby't ferbân lein wurdt mei bgl. [[emoasje]] en de ynfloed fan [[sykte]]. Guon [[psychologen]] beskôgje tagedienens as it tsjinstelde fan [[hertstocht]] yn 'e sin dat by tagedienens de [[seksualiteit|seksuële]] komponint fan it gefoel ûntbrekt, wylst dy by hertstocht krekt oerhearskjend oanwêzich is.