Beatrix Potter: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 5:
Beatrix Potter waard berne yn in begoedige húshâlding yn Londen. Sy krige thús ûnderrjocht fan gûvernantes, dat hja hie net folle kunde oan oare bern. Simmerdeis, at har heit in bûtenpleats hierde yn Skotlân en letter yn it ''[[Lake District]]'', hie Beatrix in soad omgong mei bisten en de natoer.
 
Potter har karriêre as skriuwster en tekenarestekeneres berneferhalen begûn yn [[1902]] mei ''It ferhaal fan Piter Knyn''. It ferhaal waard útjûn troch Frederick Warne. [[1905]] frege Beatrix har redakteur, Norman Warne, hat om mei him te trouwen. Hy waard lykwols siik en stoar in pear wike letter.
 
Itselde jier kocht Beatrix in pleats mei de namme ''Hill Top'' yn Sawrey yn it [[Lake District]]. Dêr brocht se safolle mooglik tiid troch, hoewol't sy noch by har âlden wenne. De pleats en it goa dêromhinne krigen in rol yn har ferhalen en in protte yllustraasjes litte plakken yn it [[Lake District]] sjen dy't oant hjoeddedeihjoed-de-dei net feroare binne.
 
Yn [[1913]] troude sy abbekaat William Heelis en sette har foar fêst nei wenjen yn Sawrey. Skriuwen en skilderjen kamen doe op it twadde plak; de buorkerij en de skiepfokkerijskieppefokkerij gienen foar. Mei in erfenis fan har âlden en mei de royalty'sroyaltys fan har boeken koe hja stikken lân keapje om dy as beskerme natuergebiet te behâlden. Doe't sy yn 1943 ferstoar, liet hja de steat goed 1600 hektare natuer en fyftjin landerijen nei oan de ''[[National Trust for Places of Historic Interest or Natural Beauty|National Trust]]''.
 
== Wurk ==