Hauk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
[[]]
Rigel 1:
[[Ofbyld:Accipiter gentilisAAP045CA.jpg|thumb|''Jonge (lofts) en folwoeksen hauk''|alt=]]
[[Ofbyld:Goshawkfem55.jpg|thumb|''wyfkeWyfke, mei wite eachstreek, swarte krún en swarte earfearren''|alt=]]
[[Ofbyld:Goshawkmale66.jpg|thumb|''Mantsje hauk'']]
[[Ofbyld:Accipiter gentilis 1672.OGG|thumb|right]]
De '''hauk''' (''Accipiter gentilis'') is in krêftige [[rôffûgel]].
In folwoeksen hauk kin in lingte hawwe fan tusken de 49 - 66 sm. Hy hat koarte, brede [[wjukken]] en in lange, hast fjouwerkante [[sturt]]. In folwoeksen hauk hat in wite streek boppe it [[each]], in swarte krún en donkere [[Fear (fûgel)|fearren]] yn de earstreek. It fearrekleed fan in mantsje is boppe-oan brún en ûnderoan skierwyt mei tinne grize bannen. It wyfke is folle grutter mei boppe-oan in laaigriis nei brunich fearrekleed en ûnderoan griis mei tinne brunere bannen. In jonge hauk hat boppe-oan in brún fearrekleed en ljocht mei brune lingtestreekjes ûnderoan. Boppedat is de wite eachstreek minder opfallend.
 
In hauk is in stille fûgel. Allinnich yn de briedtiid kin men fan ferskate soarten gekekker hearre.
Rigel 17:
[[File:Accipiter gentilis MHNT.ZOO.2010.11.84.2.jpg|thumb|left| ''Accipiter gentilis'']]
 
De hauk leit 1 - 5 blau-wite [[aai (bist)|aaien]], meastal trije of fjouwer. BY it brieden ruie de mantsjes en wyfkes en kinne maklik ruifearren ûnder it nêst lizze fan benammen it wyfke, trochdat dy mear oan it nêstgebiet bûn is.
Haukejongen dy't ree binne om it nêst te ferlitten begjinne mei fleanoefeningen. De âlden lizze dan proaien op de râne fan it nêst, wêrtroch't de jongen fladderjend nei de râne geane. En ynienen dûke se spontaan fan it nêst as (hast) follearde fleanders. De hauk hat in karakteristyk flechtpatroan: trage klap fan de wjukken, trage klap en dan glydflecht rjocht foarút.
 
Se bliuwe harren hiele libben yn itselde territoarium, mar de hauken út noardlike streken migrearemigrearje súdwerts om te oerwinterjen.
 
== Fersprieding ==
Rigel 26:
 
== Jachttechnyk ==
De hauk set him ûnferweechlik op in takke en wachtet oant er in [[proai]] sjocht. At er de proai keazen hat, set er him ôf en fladdert in pear keer mei de wjukken. Mei syn wjukken hast hielendal tsjin syn lichem stoart er him hurd-hurd troch beammen en strewellen op syn proai ôf oant er dy hat.
 
== Keppeling om utens ==