Skûtsje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
-kategory
froeger ->eartiids
Rigel 1:
[[Ofbyld:Gerben van Manen - It Hearrenfean.jpg|thumb|De Gerben van Manen, fan it Hearrenfean.]]
In '''skûtsje''' is in houten of stalen [[tsjalk]] dy't froegereartiids bouwd waard foar it ferfoer fan fracht oer it wetter yn [[Fryslân]]. Ofhinklik fan it seizoen waard meastal [[dong]], [[terpierde]], [[ierdappels]] en oare [[bulkguod]] laden. De skipper en syn famylje wennen ornaris oan board fan it skûtsje.
 
Skûtsjes binne boud fan de [[18e ieu]] ôf oant likernôch [[1930]]. De lingte bedroech 12 oan 20 m. De breedte hie ferbân mei de ôfmjittings fan [[brêge]]n en [[slûs]]en yn it fargebiet en wie trochstrings 3.5 m, maksimaal in meter as fjouwer. De boaten wienen boud om te sylen en hienen oarspronklik gyn motor. Yn de [[20e ieu]], yn de rin fan [[jieren tweintich]] en [[jieren tritich]], waarden der in soad skûtsjes foarsjen fan helpmotoren, mar earst nei de [[Twadde Wrâldkriech]] waarden de sylen ferfongen troch motoren. De skûtsjes ferdwûnen as frachtskip fan it wetter doe de motor-binnenfeartskippen dy't wol honderden tonnen lading mei nimme koenen, harren rol oernamen. In soad skûtsjes waard ferfolgens ombouwd ta wenten op it wetter.