Wilhelmina fan de Nederlannen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
No edit summary
Rigel 7:
Yn it [[Lúksemboarch (lân)|Gruthartochdom Lúksemboarch]] waard fanwege de Salyske wet in oare opfolger keazen út it Hûs fan Nassau, en koe Wilhelmina har heit dêr net opfolgje.
 
Op [[314 augustusseptember]] [[1898]] waard Wilhelmina yn de Nije Tsjerke yn [[Amsterdam]] ynhuldige. Yn [[1901]] troude sy mei prins [[Hendrik fan Mecklenburg-Schwerin]], dat houlik wie net lokkich en it duorre in skoft foardat sy in bern krigen. De berte fan harren iennichste bern [[Juliana fan Nederlân|Juliana]] ([[30 april]] [[1909]]) waard ek eins net mear ferwachte.
 
Hja die har wurk mei tawijing en toande har yn de [[Earste Wrâldoarloch]] in striidbere 'soldatekeninginne', dy't geregeld by de troepen yn it fjild kaam te sjen. Troch har gedrach seach se yn novimber 1918 kâns in troch sosjalistelieder [[Pieter Jelles Troelstra]] ferwachte revolúsje te foarkommen. Yn de [[Twadde Wrâldoarloch]] fêstige se har yn [[Londen]] en besocht fan dêrút troch útstjoerings fan [[Radio Oranje]] betrouwen yn de befrijing oer te bringen. Se hie ek kontakten mei fersetsstriders en Ingelânfarders (fersetsminsken dy't nei Ingelân oerstutsen wiene).