Drug: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 85:
Yn guon [[godstsjinst]]en, benammen yn [[natoerreligyen]], wurdt fan beskate, benammen [[hallusinogeen|hallusinogene middels]] gebrûk makke yn [[religieuze]] [[seremoanje]]s. It bekendste is yn dat ferbân de [[histoarysk]]e [[peyotekultus]] fan 'e [[Yndianen]] yn it [[Amerikaanske Súdwesten]], dy't hjoed de dei fuortlibbet yn 'e praktiken fan 'e [[Lânseigen Amerikaanske Tsjerke]] (NAC). Dêrby waard it fleis fan 'e lytse stikelleaze [[peyote]]kaktus (''Lophophora williamsii'') brûkt, dat it hallusinogeen [[meskaline]] befet, om [[fizioen]]en op te wekjen. Om't dy [[plant]] no yn syn fuortbestean bedrige wurdt, brûkt men dêr tsjintwurdich ynstee de folle mear foarkommende en gruttere [[San Pedrokaktus]] (''Echinopsis pachanoi'') foar.
 
Mank de [[Kosa (folk)|Kosa]] (''Xhosa'') fan [[Súd-Afrika]] hat de plant ''[[Silene undulata]]'' in hillige status, wêrfan't de [[woartel (plant)|woartel]] troch de [[sjamanen]] brûkt wurdt om libbene, neffens de Kosa [[profetysk]]e, [[dream]]en op te wekjen. De [[medisyn]]mannen fan 'e [[Mazateken]], yn [[Meksiko]], brûke de plant ''[[Salvia divinorum]]'' om fizioenen op te wekjen, en yn it [[Amazônegebiet]] wurdt dêrfoar ''[[ayahuasca]]'' brûkt, in brousel dat makke wurdt fan 'e [[liaan]] ''[[Banisteriopsis caapi]]'' en oare [[yngrediïnt]]en. Fierders brûkt it [[rastafarianisme]], in godstsjinst dy't gjin natoerreligy is, mar benammen op [[Jamaika]] beliden wurdt, it smoken fan [[marihûana]] (''ganja'') as in religieus [[sakremintsakramint]].
 
{{boarnen|boarnefernijing=